Plysje hellet fytser fan de Ofslútdyk
De plysje hat sneon in fytser fan de Ofslútdyk helle. De man wie fan Noard-Hollân ûnderweis nei Fryslân.

It fytspaad fan de Ofslútdyk is al in skoft ticht, mar dat betsjut net dat fytsers no de autodyk brûke kinne. De plysje hat de man dêrom fan de dyk helle. Der binne gjin ûngelokken bard. It is net dúdlik oft de fytser in boete krigen hat.