RIVM meldt 453 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 453 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 54 minder as freed. Doe waarden 507 besmettingen meld.
© ANP
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 540 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 563 besmettingen, in wike lyn op 614.

Ien stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.
Der binne gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.629. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.388.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.