HEA! Mear as 400 kryststâlen
Syn earste kryststâl krige Jan de Vries mear as 40 jier lyn fan syn bern. En sûnt dy tiid is hy ferkocht. Hy sammelet en makket kryststâlen, De Vries hat der no mear as 400. Hy is gjin leauwich man, mar rint faak in tsjerke binnen op syk nei it tafrieltsje fan Jozef, Maria en it berntsje Jezus yn de krêbe.
HEA! De kryststâlen fan Jan de Vries: