Skiep feroarsaket ûngelok en moat aventoer op de N31 mei de dea bekeapje

Op de N31 by De Pein kamen sneon in auto en in buske mei-inoar yn botsing. Dat barde om't der in skiep op de dyk kuiere. Letter rûn it skiep dêr op 'e nij. Om ûngelokken foar te kommen hat de plysje it bist deasketten.
© Noordernieuws
It buske kaam op 'e kant telâne. De bestjoerder en ynsitter rekken net slim ferwûne. Ambulânsepersoniel hat de ynsitters fan beide auto's opfongen foar kontrôle. De dyk wie tydlik yn de rjochting fan Drachten foar in part ôfsletten troch de plysje.

Twadde kear op de dyk

Doe't it skiep foar de twadde kear op de dyk bedarre, wiene der op 'e nij bestjoerders dy't fan it bist skrokken. In oanriding koe noch wol foarkommen wurde.
In plysjeman hat eintsjebeslút it skiep deasketten. De dykbehearder hat it bist letter ophelle. Ek de auto's binne fan it plak helle.