Omrop TIP: Dûnsje mei de tiid

Mei syn eksellinte fakmanskip mocht de Fryske klokmakker Johan ten Hoeve tatrede ta it Londenske klokmakkersgilde. Net allinnich de klokken, ek tiid is kostber, wit Johan. De FryslânDOK Dûnsje mei de tiid wurdt by NPO2 útstjoerd op 25 desimber en op 26 desimber troch Omrop Fryslân.
Johan ten Hoeve (1984) groeide op op De Jouwer tusken de oerwurken en masinen fan syn heit, de bekende klokmakker Jacob ten Hoeve. Johan folge de prestizjeuze stúdzje 'Clocks Conservation and Restoration' oan it West Dean College yn Ingelân.
Hy festige dêr syn namme mei it meitsjen fan in replika fan in 'Tompion Clock' foar The Royal Observatory yn Greenwich, it plak fan de ynternasjonale nulmeridiaan. It wurdt alle jierren troch twa miljoen minsken besocht.
Johan (r) en syn heit Jacob (l) ten Hoeve © Omrop Fryslân
Yn syn wurkpleats yn Londen wurket Johan oan opdrachten fan oer de hiele wrâld. Hy is 'freeman of the city', in titel dy't er krige doe't er opnommen waard yn de Worshipful Company of Clockmakers, it Londens klokmakkersgilde. Regisseur Murk Jaep van der Schaaf en kameraman Gerko Jonker litte yn detail de keunst fan it klokmeitsjen sjen.
Klok ûnder hannen fan Johan ten Hoeve © Omrop Fryslân
Dûnsje mei de tiid giet ek oer de woartels fan Johans tawijing. Hy wol alles út it libben helje wat deryn sit, omdat hy wit dat jo de rezjy dêroer ek samar ferlieze kinne. Yn 2015 is dizze FryslânDOK earder útstjoerd mar it is, nettsjinsteande de klokken, in tiidleas dokumint.
Johan ten Hoeve yn syn wurkpleats yn Londen © Omrop Fryslân
FryslânDOK Dûnsje mei de tiid (earder útstjoerd yn 2015)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.