Auto botst tsjin in beam by de Ringwei yn Drachten

Op de Ringwei yn Drachten is sneontemoarn betiid in auto tsjin in beam botst. Om healwei achten hinne rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt. Mooglik troch glêdens. De auto bedarre yn de berm en kaam tsjin in beam ta stilstân.
© SRFotografie
Omstanners hawwe it slachtoffer holpen oant de ambulânse der wie. De frou is lichtferwûne rekke mar hoegde net nei it sikehûs. De plysje is op it plak kaam om it ûngelok ôf te hanneljen en in berger hat de auto fan it plak helle.