Schulting op OKT op jacht nei langebaantickets: "Ik kan er relaxter in gaan"

Reedrydster Suzanne Schulting wol ek op de langebaan nei de Olympyske Spelen. As shorttracker is se al wis fan in startplak yn Peking, mar de kommende dagen giet se op it OKT op jacht nei mear tickets.
"Het niveau is ontzettend hoog"
It olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) is foar de langebaanreedriders ít toernoai dêr't it barre moat. Dêr moatte de startbewizen fertsjinne wurde foar de Spelen. Mar, dy druk hat Schulting nei eigen sizzen minder om't al wis is dat se as shorttracker hinne giet.

Wêr't it foar reedriders as Antoinette de Jong, Jorrit Bergsma en Sven Kramer dramatysk wêze soe as se harren net pleatse, jildt dat dus minder foar Schulting: "Als ik een tijd neerzet waar ik heel erg tevreden mee ben, maar waarmee ik het net niet haal, dan is dat ontzettend jammer. Maar ik mag dan nog steeds vijf afstanden rijden op de Spelen in het shorttrack. Ik kan er iets relaxter ingaan."
Alles moet goed vallen, maar het is niet onmogelijk. Dat is een leuke en lekkere gedachte.
Suzanne Schulting wol ek op 'e langebaan nei de Spelen
Trochdat it Europeesk kampioenskip shorttrack fan heal jannewaris skrast is fanwege de coronapandemy, past it OKT perfekt yn it skema fan Schulting. "Het is een fantastische prikkel richting de Spelen. Buiten dat het om tickets gaat, is het een heel fijne wedstrijd met spanning om te kunnen rijden."

Fol programma

It betsjut wol dat it in drokke wike wurdt foar Schulting. Se rydt snein de 1.000 meter, tiisdei de 500 meter, woansdei de 1.500 meter, freed de foarrondes fan it NK shorttrack en snein de finales dêrfan. "Het is een beetje te vergelijken met hoe het gaat op de Spelen", fynt Schulting.
Se sil op it poadium einigje moatte op ien fan de trije ôfstannen om kâns te meitsjen op in startbewiis op de langebaan. "Dat zou fantastisch zijn, maar ik ben me er ook van bewust dat het niveau ontzettend hoog is. Alles moet goed vallen, maar het is niet onmogelijk. Dat is een leuke en lekkere gedachte."
© Orange Pictures
Schulting hat it foarige reedrydseizoen meardere langebaanwedstriden riden. Dat koe doe, om't der in streek gie troch meardere shorttrackwedstriden. No hat se sûnt septimber allinnich twa trainingswedstriden riden.
Schulting: "Dat is een heel groot verschil met vorig jaar. Toen heb ik heel veel kunnen langebanen, dat is nu compleet anders. Daarom vind ik het ook heel lastig om te zeggen wat eruit kan komen."
It OKT begjint twadde krystdei en is oant en mei tongersdei alle dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Sportferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries dogge live-ferslach op de radio mei âld-reedrider Douwe de Vries en Jesper Hospes. Oan de ein fan elke dei ferskynt in podcast oer it OKT.
It programma:
Dochs stiet se mei betrouwen oan de start. "Het gevoel is heel erg goed. Ik neem heel erg veel ervaring mee uit de shorttrackwedstrijden die ik heb gereden met spanning en op hoge snelheid", fertelt Schulting, dy't yn it wrâldbekersirkwy de iene nei de oare medalje pakte.

Stroffelstien

Der is allinnich noch wol ien mooglike stroffelstien. En dat is it programma fan de Olympyske Spelen. Mocht Schulting har op de langebaan pleatse foar de 500 en de 1.5000 meter, kin dat yn de knipe komme mei it shorttrack.
Dyselde dei is der yn Peking nammentlik ek shorttrack. Dat is har net ûntgien: "Ja, klopt", laket Schulting. Hoe sil se dat dwaan? "Natuurlijk hebben we daarover nagedacht, maar die keuzes hoef je niet gelijk te delen."