FIDEO: Krystnachttsjinst yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert

Omrop Fryslân stjoerde freedtejûn in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Ut de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert wei waard, hielendal neffens de regels fan oerheid en advizen fan de Klassis Fryslân, de tsjinst sûnder gemeente fierd.
Wol is der by de Krystfiering in koar fan eigen Kantorij en Agricola Consort ûnder lieding fan Jaap de Kok. Sy sjonge û.o. de Nativity Carol fan John Rutter. In muzikaal kwartet stipet dat koar en Gerwin Hoekstra spilet op it oargel. Allegear op oardel meter ôfstân fan elkoar. Ds. Jan-Jaap Stegeman is de foargonger.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan Krystnacht 24 desimber.