FIDEO: Yn de rige foar krystynkeapen: "It duorret lang, mar we komme der wol"

Noch efkes de lêste boadskippen foar de krystdagen dwaan, in soad minsken hiene itselde idee. It soarge foar in soad drokte by de bakkers, slachters en supermerken. It demisjonêr kabinet rôp yn de parsekonferinsje fan sneon op om de feestdagen net mei mear as fjouwer gasten te fieren. Dochs wjerhâldt dat lang net elk om de krystdagen mei famylje troch te bringen.
Der moat fansels genôch ynslein wurde: