Gjin sikehûsopnamen en stjergefallen, wol 507 nije coronabesmettings

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 507 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der acht minder as tongersdei. Doe waarden 515 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 563 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 591 besmettingen, in wike lyn op 624.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.517. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.688.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.