Spesjaal toernoai yn Ljouwert foar Schulting-en-dy as test foar Spelen

Der komt in spesjaal toernoai foar de Nederlânske shorttrackers yn de oanrin nei de Olympyske Spelen. Op 15 en 16 jannewaris wurdt yn de Alvestêdenhal yn Ljouwert de International Invitation Cup riden.
© Orange Pictures
Eins soe dat wykein it EK shorttrack op it programma stean yn de Dútske stêd Dresden. Troch de coronakrisis koene de Dútsers de organisaasje net rûnkrije. In oare stêd wie net mear te finen foar it EK.

Test foar de Spelen

Bûnscoach Jeroen Otter woe graach in ferfangend toernoai foar syn riders. Neffens Otter is it wichtich dat Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt foar de Spelen noch in goeie test krije.
Riders út Hongarije Frankryk, Ruslân, België, Israël en Nederlân binne útnûge foar de International Invitation Cup. Twa wiken earder stean yn Ljouwert de Nederlânske kampioenskippen shorttrack op it programma.