UPDATE: Mooglik sjitynsidint op de Jan de Baenstrjitte yn Ljouwert

Der is freedtemiddei mooglik sketten op de Jan de Baenstrjitte yn Ljouwert. De plysje is mei meardere ienheden oanwêzich en docht ûndersyk. Ek binne trije minsken oanholden.
© Kappers Media
De plysje seit dat se der nei in earste ûndersyk fanút gean dat der sketten is. Der binne gjin ferwûnen oantroffen, wol binne der trije minsken oanholden. De plysje siket noch út wat se mei it ynsidint te krijen ha.

De plysje waard freedtemiddei krekt foar healwei twaen ynljochte oer in sjitynsidint. Neffens tsjûgen soe der meardere kearen sketten wêze, ek soe der in taksy op hege snelheid fuortriden wêze. Dat lêste barde om't de sjauffeur himsels yn feilichheid bringe woe, hy hie fierder neat mei it ynsidint te krijen.

Tsjûgen wurde oproppen har te melden by de plysje.