It stille fertriet efter de lockdown: dizze ûndernimster wit it net mear

Winkelfrou Monique Zwamborn wit net mear hoe't sy de lockdown oerlibje moat. Sy krige sels corona en ferlear tagelyk har heit oan it firus. Om't sy dêrtroch gjin omset draaide, krijt sy gjin stipe. "We zitten er tot de strot in."
Monique Zwamborn sit der goed trochhinne:
Undernimmers hawwe it dreech dizze tiid. In twadde lockdown soarget foar skrinende situaasjes. Guon wiene krekt op wei der wer boppe-op te kommen en dwaande skulden fuort te wurkjen. It binne benammen de lytse selsstannige ûndernimmers dy't dêr bot ûnder lije. Ien fan harren is Monique Zwamborn, dy't in linzjerysaak yn Ljouwert hat.

Winkel fan needs ticht

Yn febrewaris hie Monique krekt corona hân en sawat tagelyk har heit ferlern oan it firus. De winkel moast fan needs ticht, krekt foar't de saak ferhúzje soe nei de Kleine Kerkstrjitte yn Ljouwert.
Zwamborn hat it hiele jier wurke om de saken wer in bytsje op oarder te krijen, nei har sykte en it ferwurkjen fan it ferlies fan har heit. Dat wie swier, mar sy seach ljochtpuntsjes. Dat is no oars. Se wit net oft it no noch wol goedkomt. Dizze klap is te grut, tinkt sy. "Het is gewoon één groot verdrietig verhaal."
© Omrop Fryslân
De winkel moast krekt foar de krystdagen ticht: oars de gouden tiid foar har saak. De hiele kolleksje wie op de krysttiid ynkocht. It hinget no ûnferkocht yn de winkel. Tûzenen euro's oan ynvestearringen binne fuort. En dat wylst de belestingen en lieningen fan de eardere lockdown noch betelle wurde moatte.

Just troch corona bûten de regelingen

Zwamborn krige in lyts bytsje stipe. Sa'n 5 of 10 persint fan it ferlies waard dêr mei dutsen. "Een druppel op een gloeiende plaat."
It wie in sûn bedriuw, seit sy. "Maar nu zitten er enorme lasten achter. Omdat ik ziek was, kon ik niets verkopen. Maar daardoor val ik ook niet in de speciale regeling om coronasteun te ontvangen."
© Omrop Fryslân
De lêste moannen krabbele sy finansjeel wer wat op. De stipe wie minimaal en ek no wit sy noch net oft der oerheidsstipe komt. "Ik ben nergens voor benaderd. We weten het gewoon niet. Het wordt een hele schrale Kerst."

Noch hieltyd sûnensklachten

De ferhuzing fan har saak hat se yn de maitiid wol trochset, mar dat gie mei muoite. De ûndernimster hold klachten nei har besmetting mei it coronafirus. Sy is noch altyd koartamich en soe yn it nije jier begjinne mei revalidaasje. Mar har soerstofgehalte is noch altyd te leech. Dêr giet sy no de medyske môle mei yn.
© Omrop Fryslân
Sa goed en sa kwea as it kin besiket Monique Zwamborn der wat fan te meitsjen. Sy makket flogs om har linzjery oan de man te bringen. Dat bliuwt sy wol dwaan. Mar it smyt hast neat op. In pear bestellingen yn 'e wike.
Mei de click-and-go rêdt sy it lang net. Sy hat ek it gefoel dat minsken gjin nocht mear hawwe om dingen te keapjen. En dat in soad minsken yn deselde situaasje sitte en gjin jild mear hawwe. "De mensen zijn timide."

Gjin wurden mear

Op de fraach hoe't sy oerein bliuwt, is it earst efkes stil. Sy wit it net mear, seit sy. Fan harsels is sy posityf ynsteld, mar no is it wol klear. De skulden bouwe op, de ynkomsten binne der net en stipe is net yn sicht. "We lopen eigenlijk een hele collectie achter met betalingen."
It is in situaasje dêr't mear lytse saken fan te lijen hawwe. It stille fertriet efter de lockdown. Monique: "Ik ben altijd spraakzaam, maar nu heb ik geen woorden meer. Ik weet het niet meer."