Boartersguodbanken sitte oan mei it guod en stelle ynbringstop yn

De boartersguodbanken kinne al it guod dat se ha net kwyt. Der is sa flak foar de kryst in soad binnenbrocht, mar omdat se yn de lockdown net iepen meie, sitte se der bot mei oan.
Simon de Jong tusken de doazen fan de boartersguodbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Benammen yn Ljouwert stiet it nije ûnderkommen oan de Keningsstrjitte grôtfol. De bank is fan Stichting Rijk voor Arm en hat sa'n 400 klanten yn hiel Fryslân. Sûnt ferline wike is der in ynbringstop, seit Simon de Jong fan de boartersguodbank.

Gjin ôfname

"We zitten hier ontzettend mee in onze maag. Natuurlijk vinden we het geweldig dat het binnengekomen is, daar zijn we heel blij mee. Maar nu kan het niet verder meer, want er wordt niks afgenomen", jout De Jong oan.
Die ruimte hebben we absoluut niet.
Simon de Jong kin eins net mear boartersguod bewarje
No't de saak ticht is, kin gjinien it guod ophelje. "En dus groeit het maar door en door. Die ruimte hebben we absoluut niet."

400 krystkadootsjes

En de krystaksje giet no net troch. Yn it pân fan de eardere apoteek stean hûndert doazen klear mei yn elke doaze fjouwer krystkadootsjes. "Dus we hebben er vierhonderd klaarliggen, waarvan er een heleboel al zijn ingepakt", seit De Jong.
Yn Ljouwert pûlet it út mei al it boartersguod:
"Wat het is, kan ik niet zeggen, want het moet een verrassing blijven." Wannear't it wer mooglik is, wolle se se dochs noch útdiele.

Selde probleem op oare plakken

De Jong wit dat de oare boartersguodbanken yn Fryslân mei itselde probleem sitte. Se ha in soad guod krigen, mar der is gjin mooglikheid om it út te dielen.
"In Fryslân zitten alleen nog in Heerenveen en Sneek een speelgoedbank. Als je hun site opzoekt, zie je dat ze ook een innamestop hebben. Dat krijg je als je maar drie van zulke banken overhoudt en mensen willen toch graag doneren."
It leafst soe De Jong safolle mooglik guod ûntfange wolle. "Maar de ruimte is beperkt. Het staat nu al vol. Als mensen er ook nog langs moeten om speelgoed uit te zoeken, dan wordt het te gek."