Liveblog | 24 desimber 2021

Coronanijs 24 desimber: Noch net fersoepelje advisearret OMT

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 25 desimber 2021, 07:19
freed 24 desimber 2021
21:56

Oant moarn

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan freed 24 desimber. Fanwegen de krystdagen is der moandei wer in liveblog.
20:38

Oant no ta 2,5 miljoen boosters set

Oant no ta binne der sa'n 2,5 miljoen boosterprikken set, lit demisjonêr minister Hugo de Jonge witte. Dat betsjut dat de faksinaasjegraad van minsken mei in booster yn Nederlân no leit op 16,4 prosint. De ôfrûne wike binne der 900.000 boosters set. In wike earder wiene dat der noch 780.000.
It is de bedoeling dat alle folwûksenen dy't dat wolle foar 1 febrewaris in booster krigen ha. De Jonge seit dat hy ferwachtet dat dit doel helle wurdt: "De GGD heeft ons nog nooit teleurgesteld."
19:20

Advys OMT: No noch net fersoepelje

It Outbreak Management Team (OMT) advisearret it kabinet om noch gjin fersoepelingen troch te fieren. It kabinet folget it advys op. "De verwachte snelle verspreiding en de te verwachte grote aantallen zieken, kunnen nog altijd tot een zeer hoge belasting van de gehele zorgketen leiden", sa skriuwt demisjonêr minister Hugo de Jonge freed yn in brief oan de Twadde Keamer.
It folgjende advys fan it OMT komt nei alle gedachten op 3 jannewaris. Dan wurdt sjoen oft in wike letter de skoallen wer iepen kinne.
17:00

Novavax takom jier beskikber foar minsken dy't gjin mRNA-faksin wolle

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge meldt dat it aaiwytfaksin fan Novavax ynkoarten beskikber is foar minsken dy't gjin mRNA-faksin wolle. Dy mRNA-faksins meitsje gebrûk fan je ymmúnsysteem. Je lichemssellen sette in stofke yn it faksin om yn in aaiwyt dat op it coronafirus liket. By it faksin fan Novavax komme lytse, neimakke aaiwytdieltsjes streekrjocht yn it lichem.
It duorret noch wol efkes foardat it faksin fan Novavax beskikber is. De Jonge seit dat dit op syn betiidst yn febrewaris of maart fan 2022 wêze sil. Hy ropt minsken dêrom op om foar harren earste prik dochs foar in mRNA-faksin te kiezen.
16:38

Hierkoarting foar ûndernimmers is "fijn kerstcadeau"

Hoarekabedriuwen en winkels hawwe troch de coronapandemy rjocht op hierkoarting. Dy útspraak hat de Hoge Raad dien. It giet om hierders dy't al foar 15 maart 2020 in kontrakt hienen.
Neffens Kor van der Meulen fan Koninklijke Horeca Nederland is dat goed nijs: "Het is een stevige steun in de rug voor de horeca en de retail. Dat is een heel fijn kerstcadeau, al houd ik wel een slag om de arm, omdat de uitspraak wel teruggaat naar de kantonrechter."
It wie nedich ek, want net eltse hierbaas is like meitinkend, benammen de gruttere maatskippijen freegje faak it folle pûn, seit Van der Meulen. "Hoe kleiner de verhuurder, hoe toeschietelijker ze zijn, is mijn ervaring."
Kor van der Meulen oer hierkoarting foar de hoareka
16:30

Karantêneregels ferswierre by nau kontakt

Alle húsgenoaten en nauwe kontakten fan in besmet persoan moatte tenei tsien dagen yn karantêne. Dat advisearret it RIVM. It makket net út oft je al corona hân hawwe of faksinearre binne. De regels jilde ek foar bern yn de âldens fan 0 tot 4 jier, dy groep wie earder útsûndere.
Minsken dy't minder as acht wiken lyn posityf teste binne op it coronafirus hoege net yn karantêne. Datselde jildt foar soarchmeiwurkers as sy beskermjende klean droegen hawwe.
16:07

Fryske film Stjer online te sjen yn ferbân mei de lockdown

Fanwegen de lockdown is besletten om de film online beskikber te stellen. Yn 'e ôfrûne moannen luts de Fryske bioskoopfilm hast 15.000 besikers.
15:29

507 nije coronabesmettings, lanlik 12.517

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 507 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der acht minder as tongersdei. Doe waarden 515 besmettingen meld.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.517. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.688.
14:47

Mear testen by de GGD yn oanrin nei de Krystdagen

GGD GHOR meldt dat se mear coronatesten ôfnimme yn de oanrin nei de Krystdagen. De GGD seit dat der 10 prosint mear teste is dan ferwachte wie. "Het is niet met zekerheid te zeggen dat dit preventief is voor de feestdagen, maar het lijkt er wel op", seit in wurdfierder.
14:33

Tal coronapasjinten yn sikehûzen rint fierder werom

Der lizze freed 2126 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Dat binne 95 minder as tongersdei. Fan harren lizze 546 op in ic. Tongersdei lei dat oantal noch op 564.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
14:24

Winkels ticht: yn Ljouwert is it rêstich

13:43

Dit kinst dwaan om in coronabesmetting by de feestdagen foar te kommen

13:21

NZa hat noed oer ôfskalen soarch

De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) hat noed oer it feit dat de ôfskaling fan de soarch op likernôch itselde nivo bliuwt. Sa sizze sawat tweintich sikehûzen dat se soarch dy't binnen seis wiken jaan wurde moat, net op 'e tiid jaan kinne.
"Voor mensen die wachten op kritiek planbare zorg is uitstel van zorg risicovol", seit de NZa. "De komende weken moeten we bijzondere aandacht te hebben voor kritiek planbare zorg en herstel van zorgverleners."
13:13

Janssen net om te boosten

It coronafaksin fan Janssen moat foarearst net brûkt wurde as booster, dat advisearret de Gezondheidsraad. In booster fan Pfizer of Moderna wurket better, ek foar minsken dy't earder it Janssenfaksin krigen.
12:51

XXL-lokaasje Ljouwert is klear foar grutte operaasje

De GGD Fryslân set moandei útein mei in grutte operaasje: it faksinearjen fan tsientûzenen minsken yn de XXL-lokaasje yn Ljouwert. Ek oare faksinaasjelokaasjes binne krekt wat effisjinter makke, om safolle mooglik boosterprikken sette kinnen.
Op de lokaasjes wurdt net mear wurke mei prikhokjes, dêrtroch soe de trochstream better wêze. Op oare priklokaasjes yn Fryslân is ek sjoen nei it ferbetterjen fan de trochstream. "Dat rint ek as in spoar", seit De Graaf: "Drachten is noch oanpast, guon lokaasjes wurkje noch op de âlde wize, oare plakken binne noch krekt wat effisjinter makke."
Yn de XXL-lokaasje kinne in soad minsken tagelyk prikt wurde, mar der binne noch in protte tiidslotten frij. De Graaf tinkt dat it te krijen ha kin mei it feit dat minsken net direkt in brief krije as se in ôfspraak meitsje kinne. "Wy roppe minsken op, besykje online in ôfspraak te meitsjen. Ek al bist noch krekt wat jonger bist as de âldens dy't yn de parse publisearre is."
12:01

Undernimster sit der trochhinne: "We zitten er tot de strot in."

Winkelfrou Monique Zwamborn wit net mear hoe't sy de lockdown oerlibje moat. Sy krige sels corona en ferlear tagelyk har heit oan it firus. Om't sy dêrtroch gjin omset draaide, krijt sy gjin stipe.
11:28

Húsdokters hawwe 36.000 boosterprikken set

De Landelijke Huisartsenvereniging (LHV) meldt dat húsdokters oant no ta goed 36.000 boosterprikken set hawwe. Húsdokters hawwe de opjefte krigen om net-mobile pasjinten te prikken. "Het is een relatief kleine groep die nu geprikt wordt door de huisarts, maar het is een hele belangrijke. Het gaat om kwetsbare mensen", meldt de LHV.
11:07

Krystmiel besoargje litte populêr

Restaurants krije in protte bestellingen foar dinerboksen foar de krystdagen. No't de restaurants ticht binne yn ferbân mei de coronamaatregels besykje klanten mei de dinerboksen dochs it gefoel fan útiten te krijen.
De restaurants hawwe it no smoardrok om alles ta te rieden. Sa seit in wurdfierder fan in lanlike tapassaak: "Iedereen is druk bezig. Net als vorig jaar gaat het weer hard met de maaltijdboxen. Het is daarom alle handjes aan dek, want we zijn hier niet op ingericht en extra personeel is niet te vinden. Dus iedereen wordt nu ingezet."
© ANP
10:29

1968, 1969 en 1970 oan bar foar in boosterprik

10:16

Steuring by DigiD: faksinaasje-ôfspraak meitsje mooglik dreech

DigiD hat op it stuit lêst fan in steuring. Hoe grut dy steuring is, is noch net bekend. Foar it meitsjen fan in coronatest of in faksinaasje-ôfspraak hawwe je in DigiD nedich.
09:52

'Superbubbel' by Winterspelen

Sporters, begelieders, skiedsrjochters, frijwilligers en parse sille by de Olympyske Winterspelen yn Beijing yn in soarte fan 'superbubbel'. Fan it momint dat se oankomme oant it momint dat se wer fuortgean, sille se yn in ôfsletten kokon sitte.
Boppedat moatte alle minsken yn de bubbel in faksinaasje hawwe, oars moatte se earst trije wiken yn karantêne. Dêrnjonken wurde se eltse dei teste op it coronafirus en moatte se altyd in mûlkapke op.
De Olympyske Winterspelen binne fan 4 oant en mei 20 febrewaris 2022.
© ANP
09:43

Groepsgrutte dreech te kontrolearjen

By de Krystdagen en de jierwiksel meie minsken op syn meast fjouwer gasten ûntfange. Dy groepsgrutte jildt ek bûten. Op dizze wize hopet it demisjonêre kabinet de fersprieding fan it coronafirus sa folle as mooglik tsjin te gean.
Neffens de plysje is de groepsgrutte lykwols dreech te kontrolearjen. "Strikt volgens de wet valt de groepsgrootte niet te handhaven. Dat is ook niet de insteek waarmee de politie de straat op gaat", seit Willem Woelders fan de plysje.

Gjin minsken telle

"De regels gelden. Maar we hebben samen met het Openbaar Ministerie gekeken wat te handhaven is en wat niet. Als agenten op straat aanlopen tegen een groep, zullen we ze wijzen op de regels. Hoe groter de groep, hoe eerder dat zal gebeuren. We gaan geen mensen in groepjes tellen. Dat soort politie willen we niet zijn en daar kan het OM ook niets mee", seit Woelders.
"De praktijk zal zijn dat we met name ingrijpen op feestjes en locaties waar grote groepen bij elkaar zitten. Het uitgangspunt is het gezondheidsrisico. Als de politie dingen ziet gebeuren waarbij de kans op besmetting groot is, dan zullen collega's optreden. Niet met het doel boetes uit te delen, maar om een eind te maken aan dat soort activiteiten."
09:36

Boartersguodbanken kinne guod net kwyt troch lockdown

Der is flak foar de Kryst in soad boartersguod binnenbrocht, mar omdat se yn de lockdown net iepen meie, sitte se der bot mei oan.
09:30

Toerisme op Flylân leit hast hielendal plat

Lege strjitten dizze dagen op Flylân. Nei de parsekonferinsje fan ôfrûne sneon reinde it annulearringen by de hotels op Flylân, seit Annie Beiboer fan de lokale VVV: "In de huisjes en appartementen zitten wel wat gezinnen, maar in de hotels en pensions is het teleurstellend rustig."
Hoe grut de skea is foar de toeristyske sektor op Flylân is net te sizzen, tinkt Beiboer: "Ik kan het niet aangeven in een bedrag of iets dergelijks, maar de inwoners van het eiland bestaan volledig van het toerisme, direct of indirect. Als dat dan dramatisch slecht is, zoals nu, is dat echt een flinke domper."
07:30

Lichte delgong yn tal coronabesmettingen de wike

It tal positive coronatesten yn Fryslân is de ôfrûne wike mei in lytse tsien prosint weromrûn: fan 4.530 nei 4.140. It tal stjergefallen bliuwt wol heech: 19 dizze wike.
Foar de twadde wike op rige leit it tal besmettingen relatyf it heechst yn Achtkarspelen. Foar eltse 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 927 besmettingen fêststeld. In wike lyn wie dat noch 862.
07:20

Lanlik noch oerstjerte, mar it tal gefallen nimt ôf

Lanlik is it tal stjergefallen foar de twadde wike op 'e rige ôfnommen, lit it CBS witte. Dochs ferstjerre der noch wol mear minsken as dat eins gebrûklik is yn dizze tiid fan it jier. Ferline wike gie it om 4.100 minsken, sa'n 950 mear as gebrûklik. Der is dus noch hieltyd sprake fan oerstjerte, yn alle leeftiidsgroepen. Dat hat nei alle gedachten mei it coronafirus te krijen. It stjertesifer leit it heechst by de minsken boppe de 80 jier.
© ANP
07:15

Rutte kritysk op syn coronabelied

Demisjonêr premier Mark Rutte seit yn De Telegraaf dat er flaters makke hat yn it coronabelied. Sa hie er earder úteinsette moatten mei de boosterkampanje en fynt er no dat de maatregels yn novimber net fier genôch giene. Ek binne der kommunikaasjeflaters makke, fynt Rutte.
© ANP
Hy sjocht dat it betrouwen yn it coronabelied minder wurden is. Minsken hawwe genôch om mei beheiningen te libjen, konkludearret Rutte. Mar dêrnjonken hie hy minsken mear oertsjûgje moatten om de basisregels te folgjen en hie hy mear klam lizze moatten op de ferplichte maatregels en net op de eigen ferantwurdlikens fan minsken.
07:00

Goeiemoarn!

Wolkom by it liveblog fan freed 24 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.