Reade Swan: fan Harns nei Spitsbergen, mooglik ek nei de Tall Ship Races

De Akkrumer farfirma Swan Expeditions kiest aanst net allinne mei tallship de Wylde Swan it pikelsop. It bedriuw hat in twadde skip kocht: de twamêstskoender Noorderlicht. It skip fart skielk fierder ûnder de namme de Reade Swan.
It skip Noorderlicht yn Spitsbergen, tenei de Reade Swan © Shutterstock.com (Frank Wasserfuehrer)
It bedriuw seit in soad oanmeldingen te krijen foar ekspedysjes en har skoalle-op-see-programma. Mei it twadde skip is der ek dûbeld safolle kapasiteit. "We hadden een wachtlijst van zo'n 25 trainees die mee wilden op onze reizen. We hadden meer vraag dan aanbod. Dus als ondernemers pakken we de handschoen op, we hebben dit schip gekocht", seit Christophe Meijer fan Swan Expeditions.
Meijer is bliid dat it skip yn Nederlânske hannen bleaun is. "Het is een bijzonder schip, omdat hij in koude gebieden kan komen en dus klaar is om naar de poolgebieden te varen."
Noorderlicht, aanst de Reade Swan © Rob Oo (Flickr.com)
De Noorderlicht leit op dit stuit oan de súdkant fan de Willemskade yn Harns. Meijer nûget eltsenien út om it skip te bewûnderjen. "Mensen kunnen vanwege corona nu even niet aan boord, maar we staan graag mensen te woord."

Noch oerlis oer Tall Ship Races

Meijer doart noch net te sizzen oft de Reade Swan ek meidwaan sil oan de Tall Ship Races. "Het is nog in overleg. Het zou kunnen, er is nog veel onzekerheid aan beide kanten. Maar we vinden het altijd heel leuk om mee te doen aan de Tall Ship Races. Als dat dan met twee schepen kan, dan is het natuurlijk helemaal fantastisch."
It sylskip Noorderlicht is yn 1910 boud as Dútsk ljochtskip, dat by Flensburg lei. Yn 1963 waard it ljochtskip bûten tsjinst steld, doe't der in fjoertoer kaam. Letter waard it in wenskip en in kluphûs foar in sylferiening. It skip fertutearze en waard úteinlik yn 1992 fûn yn ús provinsje en opknapt. Dêrnei waard it troch ferskate eigeners eksploitearre.
It skip sil noch in lyts bytsje oanpast wurde. "Het schip vaart nu met 5 bemanningsleden en 20 gasten. Maar er moeten straks ook docenten mee, dus we moeten in ieder geval nog twee bedden maken voor de begeleiding. Het komende jaar vaart het schip nog als Noorderlicht, maar uiteindelijk wordt dit de Reade Swan, vanwege de rode kleur."

Maritime Akademy

Harnzers sille de earste reis meitsje. Meijer: "We gaan eerst een vijfdaagse tocht maken met leerlingen van de zeevaartschool in Harlingen. Daarna ook met leerlingen uit IJmuiden. Daarna gaan we half maart noordwaarts."
Christophe Meijer fan Swan Expeditions
Winterdeis moat it skip mei learlingen fan it saneamde Masterskip de oseaan oerstekke. Foar de earste reis wurdt der ûnder begelieding fan in gids mei trainees fan Harns nei Spitsbergen syld, dêr't 'de wrâld as klasselokaal brûkt wurdt', sa as it bedriuw it seit.