Hurde klap foar toerismesektor op Flylân: "Het regende annuleringen"

"Niks doen en verder niks doen. Daarna een stukje fietsen, en daarna weer lekker niks doen." Twa jonge toeristes dy't te gast binne op Flylân binne dúdlik: ek no't hast alles ticht is troch de lockdown, sjogge sy it wol sitten om de krystdagen troch te bringen op it eilân.
"Het hele eiland is direct of indirect afhankelijk van het toerisme
Net elkenien fynt dat. Nei de parsekonferinsje fan ôfrûne sneon reinde it annulearringen by de hotels op Flylân, seit Annie Beiboer fan de lokale VVV: "In de huisjes en appartementen zitten wel wat gezinnen, maar in de hotels en pensions is het teleurstellend rustig."
Oare jierren sieten de hotels sawat fol mei de krystdagen en mei âld en nij. "Op dit moment is de bezetting nog slechts twintig procent voor de kerst en vijfenzestig procent voor oud en nieuw in de hotels. Dat is heel erg slecht, ook voor de middenstand op het eiland."

'Het regende annuleringen'

Ien fan de hoteleigeners dy't te krijen hie mei ôfsizzingen is Max Figee fan Hotelletje De Veerman: "Het regende de afgelopen week annuleringen. Mensen zien geen perspectief om hiernaartoe te komen want restaurants zijn dicht, winkels zijn dicht, toiletten in buitengebieden zijn dicht. Dat heeft voor ons tot gevolg dat we met een bijna leeg hotel zijn komen te zitten."
Voor ons heeft het niet zoveel zin om voor zo weinig mensen open te gaan.
Hoteleigener Max Figee
Figee hie syn hotel foar dizze perioade foar sa'n tachtich persint fol. "Daar bleven maar drie of vier kamers van over. Die mensen hebben wij opgebeld, of ze wilden omboeken naar een hotel dat wel openbleef. Want voor ons heeft het niet zoveel zin om voor zo weinig mensen open te gaan. In overleg met ons personeel gaan we nu de komende tijd de grote schoonmaak en de zomerslijtage aanpakken. Dat doen we anders in januari en februari."

Stil op strjitte

Dat it tal toeristen bot ôfnaam is ôfrûne wike is te fernimmen. Op strjitte yn East-Flylân rinne sa no en dan twa of trije minsken, dy't wat helje by de supermerk of in fyts hiere by de fytsferhier. In soad minsken binne it net. Achter de ruten fan de hoareka stean kaartsjes mei berjochten lykas 'wij hopen snel weer open te gaan' of 'bestel bij ons online'.
It binne pogingen om de toeristen dy't wol op it eilân ferbliuwe, faak net yn in hotel mar yn in húske, te ferlieden ta in bestelling.
Lege strjitten op Flylân © Omrop Fryslân
In jong stel komt op in tandem oanfytsen by ien fan de fytsferhierbedriuwen op it eilân. "We binne hjir moandei kaam. Nei de oankundiging fan de lockdown ha we net twivele om net te gean. We sitte lekker yn in hûske, bestelle wat iten en op 'e fyts nimme we in termosfleske mei. It past ek wol wat by ús."

Folslein ôfhinklik fan toerisme

Hoe grut de skea is foar de toeristyske sektor op Flylân is net te sizzen, tinkt Beiboer: "Ik kan het niet aangeven in een bedrag of iets dergelijks, maar de inwoners van het eiland bestaan volledig van het toerisme, direct of indirect. Als dat dan dramatisch slecht is, zoals nu, is dat echt een flinke domper."