Liveblog | 23 desimber 2021

Coronanijs 23 desimber: heech persintaazje positive tests

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 23 desimber 2021, 22:43
tongersdei 23 desimber 2021
22:42

Oant moarn

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan tongersdei 23 desimber. Moarn is der wer in liveblog.
19:40

Heech persintaazje positive tests

It tal positive coronatesten yn Fryslân rint de lêste wiken stadichoan werom, mar it persintaazje positive tests hat yn skoften net sa heech west. Fan alle minsken dy't har de ôfrûne wike by de GGD testen litten ha, krige mear as 33 prosint in positive útslach.
It tal minsken dat in positive útslach krigen hat leit dus wol leger as in pear wiken lyn, mar der binne ek folle minder minsken dy't nei de teststrjitte west hat. De ôfrûne wike wienen dat der 12.416, de lêste hiele wike fan novimber noch 24.914.
Persintaasje positive tests by GGD Fryslân © Omrop Fryslân
17:40

Drokte by buorkerijwinkels

Wylst de iene ûndernimmer de doarren tichtdwaan moat, hawwe oaren it smoardrok. Dat jildt bygelyks foar de buorkerijwinkels yn ús provinsje. Om't se iten en drinken ferkeapje, falle se ûnder essinsjeel: se meie iepenbliuwe. Mar it is hurd wurkjen om alles op tiid de doar út te krijen
In drokke perioade foar de buorkerijwinkels yn Fryslân:
17:18

Boosterjen liket effekt te hawwen: flinke delgong besmettingen by 70-plussers

Yn gjin inkele leeftiidsgroep is de delgong fan it tal positive coronatests sa grut as by de 70-plussers. Dat docht bliken út de lêste sifers fan GGD Fryslân. De GGD skriuwt de sifers ta as mooglik gefolch fan de boosterfaksinaasje.
© Omrop Fryslân
De ôfrûne wike hat de GGD 48.604 coronafaksinaasjes set, hast oardel kear safolle as in wike lyn. It grutste part fan de faksinaasjes bestie út boosterprikken: hast 46.000.
17:03

1300 ekstra soerstofapparaten foar thúsbehanneling coronapasjinten

Demisjonêr soarchminister Hugo de Jonge hat "onder dwingende spoed" 1300 ekstra soerstofapparaten besteld, sa't coronapasjinten thús behannele wurde kinne. It giet om saneamde 'zuurstofconcentratoren', apparaten dy't soerstof út de lucht helje.
De apparaten binne wichtich, om't guon minsken hjirtroch net nei it sikehûs hoege. "Elk beschikbaar bed in een ziekenhuis of instelling telt immers", skriuwt De Jonge oan de Twadde Keamer.
De demisjonêr minister jout de apparaten yn brûklien oan Nederlânse soerstofleveransiers. Hy ferwachtet dat se ein desimber en begjin jannewaris beskikber wêze sille.
16:22

Gezondheidsraad: Novavax-faksin foar minsken dy't noch net yninte binne

Minsken dy't noch net faksinearre binne tsjin it coronafirus en beswier ha tsjin de saneamde mRNA-faksins, moatte de mooglikheid krije om te kiezen foar it nije Novavax-faskin. Dat skriuwt De Gezondheidsraad yn in advys oan demisjonêr minister De Jonge.
It nije faksin is in 'subunit-aaiwytfaksin'. Der sitte ûnder mear neimakke dieltsjes yn fan it spike-aaiwyt, dêr't it coronafirus diels út bestiet. It faksin is moandei goedkard troch de Europeeske Kommisje.
16:09

Delgong deltafariant yn Noard-Nederlân, soargen oer omikron

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It tal besmettingen mei de deltafariant gie ôfrûne wike mei 10 % omleech. It tal coronapasjinten yn de noardlike sikehûzen gie ek omleech. Dat soarget foar minder druk op klinyske bêden yn de sikehûzen, mar op de IC bliuwt it drok.

Der lizze no 54 covid-pasjinten op de IC yn de sikehûzen fan Noard-Nederlân. Op de ferpleechôfdielingen giet it om 112 pasjinten mei covid, in wike lyn wiene dat der 142.
Yn de Nederlânske sikehûzen lizze no noch 2221 coronapasjinten. Op de lanlike ic's binne it der 564.

Omikron

It tal besmettingen mei omikron is noch leech yn it noarden, mar de ferwachting is dat it rap feroaret. De nije fariant kin soargje foar in hege pyk yn sikehûs- en IC-opnamen. Under oaren de boosterprik kin dat beheine, seit Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.
15:53

RIVM meldt 515 nije coronabesmettingen yn Fryslân, 1 stjergefal

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Kappers Media
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 515 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 101 minder as woansdei. Doe waarden 616 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 591 besmettingen meld yn Fryslân.
Der is is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Fjouwer Friezen binne mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs

Tal lanlike coronagefallen fierder omleech

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.400. Yn de ôfrûne sân dagen kamen yn trochsneed 13.104 positive testen binnen. Dat is 15 persint minder as yn de sân dagen dêrfoar.

It tal stjergefallen troch corona lei lanlik op 40. Yn trochsneed gie it de ôfrûne sân dagen om 45 stjergefallen de dei.
15:01

Ministearje: stipe nedich foar Nederlânske poadia

It tal besites oan Nederlânske poadia gie sterk omleech, seit it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Yn 2020 kamen 5,3 besikers nei de poadia. Dat wiene der goed 14 miljoen minder as yn 2019.
"De culturele en creatieve sector is hard geraakt", seit in wurdfierder fan it ministearje. Neffens it CBS gie it tal foarstellingen en konserten mei de helte omleech. Ynkomsten fan it publyk gie mei 69 persint omleech.
14:49

Omikron liket minder besmetlik, mar kin soarch swier belêste

Saakkundigen ha noed oer de nije omikronfariant, sels as minsken der minder siik fan wurde, sa as bliken docht út ferskate ûndersiken.
"De eerste en tweede prikken van coronavaccins beschermen niet goed meer tegen omikron", seit firolooch en mikrobiolooch Bert Niesters. "En we zijn te laat begonnen met de boostercampagne."

'Veel minder dramatisch beeld'

"Per infectie is het opnamerisico kleiner. Dat is op zich mooi, maar omdat het zo besmettelijk is, gaan we toch nog veel ziekenhuisopnames krijgen", seit in wurdfierder fan it RIVM.
Diederik Gommers, foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Intensive Care, seit dat er de sikehûsopnamen yn it Feriene Keninkryk ôfwachtsje wol. As bliken docht dat de fariant minsken yndied minder slim siik makket, soe dat foar in "veel minder dramatisch beeld" soargje yn ferliking mei in wike lyn.
13:20

Yrritaasje by GGD: protte minsken 'op de gok' nei Sionsberg foar boosterprik

It is smoardrok by de boosterpriklokaasje yn Dokkum. In protte minsken komme nei Dokkum sûnder ôfspraak. Dat soarget foar fertraging, seit de GGD.
"Een aantal mensen gokt het erop dat er in Dokkum wel plaats zal zijn, terwijl ze op een andere locatie en ook op een ander tijdstip een afspraak hebben", seit GGD-wurdfierder Derk Moor. "En dat kunnen we niet hebben, want het is al ontzettend druk."
De Sionsberg is no noch de iennichste boosterpriklokaasje yn Dokkum. Nei de jierwiksel komt in twadde lokaasje op yndustryterrein Hogedijken.
12:49

Ministearje Folkssûnens wol 'PCR-lolly' net brûke yn it ûnderwiis

It ministearje fan Folkssûnens wol gjin gebrûk meitsje fan de 'PCR-lolly ' yn it ûnderwiis. In wurdfierder lit witte dat skoallen selstesten krije fan de oerheid en dat dat foarearst sa bliuwt. De PCR-lolly wurdt sûnt maaie brûkt yn de Dútske dielsteat Noordrijn-Westfalen.
Dêr sobje bern en learkrêften om de dei op in soarte fan lolly mei katoenen propke. De lollys wurde dêrnei sammele, wêrnei't se test wurde op it firus. As it firus oantroffen wurdt, moat de hiele klasse yn karantêne.
12:35

Aldereinbûn ANBO: guon âlderein sûnder ôfspraak nei priklokaasjes

Aldereinbûn ANBO krijt sinjalen dat guon âlderein sûnder ôfspraak nei de priklokaasjes komme foar in boosterprik. Dat fynt it bûn net ûnbegryplik: "Mensen willen echt zo snel mogelijk een prik. Ze maken zich echt zorgen."
By in faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
Minsken dy't belje foar in ôfspraak, moatte faaks lang wachtsje. "De capaciteit daar blijft echt de bottleneck", seit in wurdfierder oer it ôfsprakenûmer. It oanmelden fia ynternet is net hiel dreech, mar foar guon âlderein is it ynloggen mei DigiD dochs net sa ienfâldich.
De GGD docht dêrom oan de âlderein de oprop om help yn te skeakeljen foar it online ynplannen fan in ôfspraak.
11:47

Maatregels foar reedriders op it olympysk kwalifikaasjetoernoai

Ek de reedriders op it Hearrenfean hawwe te krijen mei ferskate maatregels, dy't besmetting mei it coronafirus op it olympysk kwalifikaasjetoernoai te foaren komme moatte.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sa moatte se har teste foar't se de bubbel yngean. Ek ite de dielnimmers yn in aparte romte. "Nieuw is dat we in die ruimtes deze keer ook luchtreinigers hebben staan", seit in wurdfierder fan Jumbo-Visma.

Oanwiisplakken

As in reedrider in positive test hat en dêrtroch net oan it kwalifikaasjetoernoai meidwaan kin, soe hy ek noch trochgean kinne. Der binne nammentlik trije oanwiisplakken, lit reedriidbûn KNSB witte.
"Mocht een schaatser positief testen, dan moet een ploeg aangeven voor een uitzonderingspositie in aanmerking te willen komen", seit technysk direkteur Remy de Wit. "Laat helder zijn dat we, indien dat het geval is, daar serieus naar kijken."
11:18

Minsken út 1966 en 1967 meie ôfspraak meitsje foar boosterprik

10:42

'Meitsje fan sport in essinsjele sektor'

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat it kabinet útsiket oft de sportsektor in essinsjele sektor wurde kin. Sport Fryslân, in organisaasje dy't sporten befoarderje wol, ropt it kabinet hjir ek ta op.
© Shutterstock.com (matimix)
"It yn karantêne setten fan de sport is in stille ramp", seit bestjoerder Anne Jochum de Vries. "We moatte noed ha foar de gefolgen no én op langere termyn. Foaral foar jongerein is dit in ramp, dy kinne neat mear."
10:18

Anne-Marie van Elsacker oer de coronapandemy: "We komen eruit"

Anne-Marie van Elsacker, dokter en mikrobiolooch by Izore, hat by Omrop Fryslân útlis jûn oer de besmetlikere omikronfariant.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Se seit dat se derfan út giet dat we út dizze pandemy komme kinne. "Dat is met alle eerdere pandemieën ook gebeurd."
Van Elsacker: "Ik houd er maar rekening mee dat we in 2022 echt nog wel last hebben van maatregelen, maar dat het wel het jaar gaat zijn waarin het langzaam duidelijk minder heftig wordt."
10:08

Omikronfariant dominant yn Amsterdam

De omikronfariant is yn Amsterdam al de meast foarkommende fariant fan it coronafirus. Neffens in stekproef fan de GGD en Amsterdam UCM hat 59 persint fan de testmeunsters dy't se ûndersocht ha, dizze ekstra besmetlike fariant.
It RIVM tinkt dat de omikronfariant rap yn it hiele lân dominant wurde sil. Neffens it ynstitút bart dit nei alle gedachten tusken de krystdagen en de jierwiksel.
09:42

AstraZeneca: tredde prik mei coronafaksin wurket tsjin omikron

In tredde prik fan it faksin fan AstraZeneca wurket tsjin de omikronfariant, seit de farmaseut op basis fan in ûndersyk fan de universiteit fan Oxford. Trije prikken soene like goed wurkje tsjin de nije fariant as twa prikken tsjin de deltafariant.

AstraZeneca wurdt sûnt dit neijier net mear brûkt yn Nederlân, ûnder mear troch bywurkingen dy't mooglik gefaarlik wêze kinne.
woansdei 22 desimber 2021
07:10

ME'ers krije foarrang by boosterprikken

ME'ers dy't mei de jierwiksel ynset wurde, krije foarrang by de boosterfaksinaasje. "We proberen zo snel mogelijk iedereen de boosters te laten halen om ze inzetbaar te houden", seit plysjesjef Willem Woelders fan de Nationale Politie.
Plysje by ûngeregeldheden © Noordernieuws
By de plysje binne no mear siikmeldingen as yn it begjin fan de coronakrisis. Aginten melde har siik fanwegen in besmetting mei it firus of om't se yn karantêne sitte, mar Woelders tinkt dat it ek bart fanwegen 'mentale vermoeidheid'.
De jierwiksel is foar de plysje de drokste nacht fan it jier.
07:00

Goeiemoarn!

Wolkom by it liveblog fan tongersdei 23 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.