Riedsenkête Súdwest-Fryslân oer Empatec: meitsje bestjoer simpeler

Meitsje it bestjoer fan sosjaal wurkbedriuw Empatec ienfâldiger; dat is de belangrykste oanbefelling fan de riedsenkête fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
Foarsitter Pieter de Vries oerlanget it rapport fan de enkêtekommisje oan boargemaster Jannewietske de Vries © gemeente Súdwest-Fryslân
Súdwest-Fryslân is de grutste fan de fjouwer gemeenten dy't eigener binne fan Empatec fia de saneamde Gemeenschappelijke Regeling, de GR. De belangrykste útkomst fan de riedsenkête is: stap as gemeente út dy GR of skaf dy hielendal ôf.

Mear foech

In riedsenkête is in swier middel om yn te setten. Súdwest-Fryslân ferwachte problemen mei finânsjes en ferantwurdlikheden. De enkêtekommisje hat fan maart ôf dwaande west mei ûndersyk, ynterviews en konklúzjes.
Troch de oanbefelling hopet de de gemeenteried direkt opdrachten jaan te kinnen en mear foech te hawwen oer de NV Empatec as no it gefal is, fia in Ried fan Kommissarissen, in GR en in oandielhâldersgearkomste.

Unrêst

Oft it útstappen troch Súdwest-Fryslân foar de gemeente sels finansjele gefolgen hat, moat noch útsocht wurde. Foar de wurknimmers fan Empatec feroaret der neat, seit foarsitter fan de enkêtekommisje Pieter de Vries.
"Ik begryp de ûnrêst wol, mar we hawwe in ferplichting om foar se te soargjen. Dêr dûke we net foar wei. Dêr kinne se rêstich fan sliepe. It giet krekt om it sirkus dat der omhinne sit. We wolle besykje om de bêste saken mei mienskipsjild te dwaan. It moat net ferdwine yn 'oeverloze' diskusjes, mar we wolle dúdlike saken dwaan kinne."

Oare oanbefellingen

Opmerklik is dat ferline wike by de presintaasje fan de saneamde businesscase oare oanbefellingen dien binne. It gie oer de takomst fan Empatec en mei hokker bestjoersfoarm der it bêste in wurk-learbedriuw fan te meitsjen is. De konklúzje fan de ynskeakele adviseurs wie om Empatec as NV trochbestean te litten yn kombinaasje mei in GR. Dêryn soenen de gemeenterieden fan Harns, Waadhoeke, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân foldwaande foech hawwe oer Empatec en de finânsjes.
In hiel oare konklúzje dus as dy fan de riedsenkête fan Súdwest-Fryslân. Mar dy lêste giet dan ek allinnich foar dy gemeente op. De ried moat der op 3 febrewaris in beslút oer nimme.