Húsdokters easkje ein oan 'jojo-belied' oer boosterjen yn eigen praktyk

Der moat ien line komme fan it regear yn it belied oer it setten fan de boosterprikken troch húsdokters. Dat seit de Akkrumer húsdokter Brent Bearda Bakker fan de Fryske Húsdoktersferiening.
Guon húsdokters wolle yn de eigen praktyk faksinearje, mar dat mei net fan it ministearje:
Húsdokters dy't al ôfspraken ha mei de GGD oer it boosterjen yn de eigen praktyk meie dêrmei trochgean, mar oare húsdokters meie dat net mear dwaan. Se meie wol helpe, mar allinnich as tafersjochhâlders op de priklokaasjes en dat is net alle húsdokters nei it sin.
Se witte net wêr't se oan ta binne en it is ek net út te lizzen oan pasjinten, fynt Bakker. "Het verandert per halve dag. Wij willen allemaal graag dat die boostercampagne snel en vlot verloopt en dat iedereen zo snel mogelijk een booster haalt. En nog veel belangrijker, dat mensen die nog twijfelen hun eerste of tweede prik halen."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De GGD soe de hiele boosterkampanje dwaan, mar troch de komst fan de omikronfariant is der faasje efter set en help ynskeakele. "Toen werden wij gevraagd om de kleinschalige woonvormen, wooncentra zonder eigen medische dienst, te vaccineren. Later zijn wij gevraagd om de immobiele patiënten te vaccineren."
Neffens Bakker binne der noch sa'n 400 fan dy pasjinten yn Fryslân dy't net prikt binne en noch sa'n 45 soarchlokaasjes dêr't de bewenners in boosterprik krije moatte. "Daar mogen wij in ieder geval bij helpen. En verder is ons gevraagd om te helpen op de nieuw op te richten priklocaties van de GGD."
Als er maar niet zo'n jojo-beleid door het ministerie gevoerd zou worden, als de minister in ieder geval bij zijn standpunt zou blijven.
Brent Bearda Bakker, húsdokter yn Akkrum
De GGD wol dat yn de twadde wike fan jannewaris alle Friezen in boosterprik hân ha. Nei in oprop fan de Fryske Húsdoktersferiening ha yntusken 25 húsdokters har oanmeld om te helpen, seit Bakker.
Fan it ministearje fan Folkssûnens meie húsdokters lykwols om organisatoaryske en administrative redenen net yn de eigen praktyk boosterje. Mar de minister hat ek sein dat hy it net tsjinhâlde sil. Dat soarget foar in soad ûndúdlikens by de húsdokters.
"Als er maar niet zo'n jojo-beleid door het ministerie gevoerd zou worden, als de minister in ieder geval bij zijn standpunt zou blijven", seit Bakker. "Wij willen het allerliefste dat iedere Fries zo snel mogelijk geprikt wordt en een hoop huisartsen denkt dat dat sneller gaat als ze in hun eigen praktijk kunnen helpen."
Húsdokter Brent Bearda Bakker fan Akkrum