Eastenryk set Nederlân op coronarisikolist, klap foar wintersporters

Foar wintersportleafhawwers wie it de grutte fraach: kinne we wol of net op fakânsje nei Eastenryk? Mar Eastenryk hat Nederlân woansdeitemiddei op de coronarisikolist set.
Wintersport yn Eastenryk © ANP
Allinnich minsken mei in boosterprik én in negative PCR-test kinne yn Eastenryk fuortendaliks de skypiste op. Wa't noch gjin boosterprik hân hat, moat earst tsien dagen yn karantêne. Dy lêste restriksje betsjut foar in soad minsken in streek troch de wintersportfakânsje.
It is fansels in klap foar de Nederlanske wintersporters en reisbureau's, mar ek yn Eastenryk sels komt it nijs hurd oan. Lykas by de út Dokkum ôfkomstige Claudia Zwart, dy't mei har man Bart in pensjon hat yn wintersportgebiet Maria Alm, net fier fan Salzburg. Se wenje al hast tsien jier yn Eastenryk.

Flinke tsjinfaller

"Wy ha it nijs fansels ek heard en ek al de nedige telefoantsjes hân", fertelt Zwart. "Ungefear 70 persint fan ús besikers binne Nederlanners, dus ek foar ús is dit in flinke tsjinfaller. We kinne heechút oanbiede om de fakânsje om te boeken. We probearje de minsken safolle mooglik temjitte te kommen. As se annulearje, binne se it jild kwyt. It is foar ús ek oermacht."
Se ha in pear telefoantsjes hân fan gasten mei de fraach oft se earder komme kinne. "Minsken wolle hiel graach komme, want ferline jier koe it ommers ek al net."
It pensjon yn Maria Alm © Claudia Zwart
Reisburo's sieten woansdeitemoarn al bot yn spanning. "We zitten met smart te wachten op duidelijkheid van het ministerie in Oostenrijk", sei Erik van der Waard fan reisburo Internoord yn Ljouwert.
It reisburo waard in soad belle. "Mensen zijn er klaar voor, hebben versneld een boosterprik gehaald en een afspraak voor een PCR-test gemaakt, maar wij weten het ook niet. We kunnen geen beleid maken op een glazen bol."
Neffens him is it it handichst om kontakt op te nimmen mei de reisorganisaasje. "Misschien kunnen ze het omboeken naar andere gebieden of naar andere gebieden in Frankrijk, Tsjechië of Italië."
Erik van der Waard en Claudia Zwart