By de rjochtbank yn Den Haag tsjinnet tiisdei 28 desimber it koart pleit tsjin de Nederlânske steat, fanwegen de ynfiering fan de nije lockdown. Advokaat Bart Maes fynt de lockdown "een klap in het gezicht" en "een drama voor winkeliers, restauranthouders, hoteliers en studenten", en dêrom is er nei de rjochtbank stapt.
Maes stie al earder tsjinoer de lânsadvokaat yn Den Haag, doe't it coronatagongsbewiis ynfierd waard. Dat koart pleit hat hy ferlern, om't de rjochter sei dat er him ôfhâldend opstelle woe by de beoardieling fan nije maatregels.