Yn dizze XXL-priklokaasje yn Ljouwert wurde aanst 11.000 prikken deis set

GGD Fryslân makket in XXL-priklokaasje yn it WTC yn Ljouwert, om safolle minsken as mooglik in boosterprik jaan te kinnen. Kommende moandei giet de lokaasje iepen. Der kinne 11.000 prikken deis set wurde.
Sjoch mei by de opbou fan de ekstra grutte priklokaasje:
"We wolle sa gau as mooglik de boosterkampanje op gong sette", seit Nils van Mourik fan de GGD oer de faksinaasjelokaasje yn Ljouwert.

16 minsken yn in minút

Yn it WTC wurdt op it stuit drok wurke om foar moandei alles klear te setten. Der stiet in lange rige stuollen troch de hiele hal hinne. "We sille hjir op in nije wize faksinearje. Dan kinne we úteinlik sa'n 16 minsken de minút prikke."
De prikker komt no by de persoan yn stee fan oarsom.
Nils van Mourik (kertiermakker faksinaasjes GGD Fryslân)
Van Mourik rint nei de haadyngong ta om in lytse rûnlieding te jaan. "Je komme binnen troch de haadyngong en rinne dan troch nei de registraasjebaly. Dêr sitte sa'n tweintich meiwurkers dy't dy nei in goeie stoel wize. As je op ien fan dy stuollen sitte, komt de prikker fuortendaliks by dy del. Dat is dus oars, want earst wie it yn in hokje. De prikker komt no by de persoan yn stee fan oarsom."
De priklokaasje yn it WTC © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De hokjes binne no fuort en it liket hast op in grutte greide. "Mar wol mei in lytse ôfskieding foar privacy. Gewoanwei koenen wy mei deselde minsken 2.500 oant 3.000 prikken deis sette. No giet it nei 11.000."
Dochs moat der noch wol in ôfspraak makke wurde om te prikken. "Oars krije we hjir ferkearsopstoppingen en dan wurdt it fierstente drok. Lange rigen sitte we net op te wachtsjen. Wy sette dêrom yn op tiidslot. Je kinne dan foar in bepaalde tiid kieze. Dat je net te lang hoege te wachtsjen."
De XXL priklokaasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De lokaasje bliuwt nei alle gedachten stean oant ein febrewaris. Dan moat de boosterkampanje klear wêze. "Alle minsken dy't trije moannen of langer lyn in prik hân ha, kinne in prik helje. Op dit stuit giet dat noch yn leeftiidsgroepen, mar it doel is dat foar 7 jannewaris alle 18-plussers in útnûging foar in prik hân ha."
De XXL-priklokaasje yn Ljouwert