Jaloerske Drachtster slacht buorman mei rolstôk: twa moannen sel

In Drachtster fan 35 jier dy't earder dit jier in pear kear belutsen wie by geweldsynsidinten is feroardiele ta twa moannen sel. Yn maart hie er syn buorman mei in rolstôk op 'e holle slein.
In rolstôk © Shutterstock.com (Poomsak Suwannasilp)
By alle ynsidinten wie de Drachtster ûnder ynfloed. De rjochter bepaalde dêrom dat de Drachtster him ek behannelje litte moat. It kin betsjutte dat er in skoft opnaam wurde moat yn in klinyk om ôf te kicken fan syn alkoholferslaving.
De Drachtster fertocht syn freondinne derfan dat se frjemdgien wie mei de buorman. Nei't se wurden hân hienen, kaam de man werom mei in rolstôk: in apparaat om daai mei te rôljen. De buorman krige klappen tsjin 'e holle en rekke ferwûne: ûnder oare in brutsen eachgat en in brutsen jokbonke.

Soarchbuorkerij

In goede wike letter hie de Drachtster in begelieder mishannele op de soarchbuorkerij yn Fryskepeallen dêr't syn freondinne ferbleau. Dizze kear tocht de fertochte dat syn freondinne frjemdgien wie mei de begelieder.
Njonken de selstraf fan twa moannen krijt de Drachtster ek fiif moannen ûnder betingst, mei in proeftiid fan trije jier.