LDODK en trainer Dik fuortendaliks útelkoar: gjin fertrouwen yn ferbettering

Trainer Dico Dik hâldt fuortendaliks op as haadtrainer fan kuorbalklup LDODK. Hy hat net genôch fertrouwen yn ferbettering fan it spul fan syn ploech, meldt LDODK op de eigen webside.
Dico Dik yn ien fan syn lêste wedstriden as trainer fan LDODK © Orange Pictures
Dik is dwaande oan syn earste seizoen by de Kuorbal League-klup fan De Gordyk. Healwei de pûlfaze stiet LDODK twadde, mei trije oerwinningen en twa ferliezen. Dochs is der ûnfrede. "Het vertoonde spel is niet wat er van de huidige LDODK-selectie verwacht mag worden", skriuwt de klup.

Net genôch progressy

Nei it ferlies fan ôfrûne snein tsjin koprinner Fortuna út Delft (20-29) hat Dik tsjin it bestjoer sein dat er net genôch fertrouwen hat yn ferbettering. "Het is mij niet gelukt om op voor de mij belangrijke aspecten van het korfbal voldoende progressie te boeken", seit er.
Net allinnich Dik giet fuort, ek syn assistint Robert Luttik bliuwt net langer by LDODK. Dik: "Wij zijn desondanks blij met de kansen die we hier gekregen hebben. Jammer dat we de volle tribunes en de sfeer in Kortezwaag niet hebben kunnen meemaken."
It nijs ferrast kuorbalferslachjouwer Freark Wijma fan Omrop Fryslân. "Hy wie snein noch frij posityf nei de lêste wedstriid. LDODK stiet twadde, hat alles noch yn eigen hân. Ik ha him doe ek noch ynterviewd en it klonk hielendal net of seach er it net mear sitten. Dit fernuveret my behoarlik."
Foarsitter Gouke de Vries baalt derfan dat de gearwurking mei Dik no al ophâldt. "Mar as de klik der net mear is, dan is dit in ferstannich beslút."
LDODK sil no in nije trainer sykje foar de rest fan it seizoen. Op it stuit is it winterskoft yn de Kuorbal League. Op 8 jannewaris stiet de thúswedstriid tsjin KCC op it programma.
Gouke de Vries, foarsitter fan LDODK