Kleurrijk Fryske Marren earste partij dêr't BBB yn Fryslân mei gearwurket

Kleurrijk Fryske Marren is de earste partij yn Fryslân dy't gearwurkje sil mei de lanlike BoerBurgerBeweging. Takom maitiid dogge se mei oan de gemeenteriedsferkiezingen yn De Fryske Marren.
Geeske Holtrop © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Geeske Holtrop-Hoekstra út Dolsterhuzen docht lykwols net mei ûnder de namme fan de BoerBurgerBeweging, mar as Kleurrijk Fryske Marren.
"De BoerBurgerBeweging hat derfoar keazen om in bûnsgenoatskip oan te gean", seit Holtrop-Hoekstra, dy't earder diel útmakke fan de CDA-fraksje yn deselde gemeente. "It is fansels in rap groeiende partij. Se koene it sa fluch net regelje om oeral yn alle gemeenterieden oanwêzich te wêzen."

Lanlike linen fan de BBB

De partij fan Holtrop-Hoekstra is yn Fryslân de earste dy't gearwurket mei de lanlike BoerBurgerBeweging fan Caroline van der Plas. It grutte foardiel is dat se de lanlike linen fan dizze partij folgje kin, seit Holtrop-Hoekstra. De oerienkomst tusken de partijen is neffens har dat se beide hâlde fan "no-nonsensebelied, en net fan systeemtinken, mar yn it tinken yn oplossingen en mooglikheden."
KFM fynt bygelyks dat it ferlienen fan fergunningen oan ferieningen makliker wurde moat. "Dat rint stroef, it kin allegearre folle ienfâldiger." It giet dan bygelyks ek om minsken dy't apparteminten yn har wenten ha wolle. "Besykje mei minsken mei te gean, om in leefber plattelân te krijen."

Fiif sitten

Holtrop-Hoekstra hopet dat de partij fiif sitten kriget by de gemeenteriedsferkiezingen fan takom maitiid. "De BoerBurgerBeweging docht it hiel goed, en ik tink dat de ynwenners wolris in oar lûd hearre wolle."
Mei safolle sitten soe de partij wol it kolleezje yn moatte. "Mar wy jouwe nearne om", seit Holtrop-Hoekstra.