HEA! Megakrystdoarp yn Surhuzum
It is allegear begûn mei in lyts iisbaantsje dat Wipke Tabak fan Surhuzum kocht op in rommelmerke. Dêrnei wie de hikke fan de daam en alle jierren wurdt it Krystdoarp dêr't de famylje mei harren trijen oan bout grutter en grutter.
Sá grut dat heit Joop de hûskeamer twa kear yn it jier ferbout. De ruten en de foardoar gean der dan út en de hûskeamer wurdt spesjaal foar it Krystdoarp útboud.