Noch mear Friezen krigen ferkearde testútslach troch fout yn lab

It tal Friezen dat in ferkearde testútslach krigen hat, leit heger as yn earste ynstânsje meld waard. Yn Fryslân giet it yn totaal om 259 minsken.
© ANP
Moandei wie bekend dat der op syn minst 273 ferkearde testresultaten wienen yn Fryslân en Drinte bymekoar, mar doe rûn it ûndersyk noch. No is dúdlik dat it dus om 259 Friezen giet.
Fan harren krigen 143 te hearren dat se negatyf test wienen, wylst we wol deeglik it coronafirus hienen. De oare 116 Friezen krigen just berjocht dat se besmet wienen, wylst dat net sa wie.
Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân sei moandei dat it om benammen testen yn de regio Drachten gie.
Yn Drinte ha 139 minsken de ferkearde ynformaasje krigen.

'Minsklike flater'

De testmeunsters binne begjin dizze moanne ûndersocht yn it laboratoarium fan Royal GD yn Deventer. By de ferwurking is in 'minsklike flater' makke.
Dat kaam freed oan it ljocht, nei't guon testmeunsters opnij ûndersocht waarden om te sjen oft it om de nije omikronfariant gie. Dêrby die bliken dat gjin minsken hielendal gjin corona hienen. Doe binne alle meunsters út dy perioade opnij besjoen.

Brief en telefoantsje

De GGD'en yn Fryslân en Drinte ha in brief stjoerd oan de minsken dy't in ferkearde testútslach krigen ha. Se binne ek belle. Minsken dy't neat heard ha, ha gjin ferkearde útslach krigen, sizze de GGD'en.