480 nije coronagefallen yn Fryslân, 1 stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 480 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 121 minder as moandei. Doe waarden 601 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 594 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 596 besmettingen, in wike lyn op 674.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat is in ynwenner fan de gemeente Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 9.450. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 13.552.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.