Troch de kjeld wurdt it drokker yn de nachtopfang: "Het is een puzzel"

No't de nachten kâlder wurde, streamt de nachtopfang fan Wender fol mei dak- en thúsleazen dy't in plakje sykje tsjin de kjeld. "We proberen er wat van te maken", seit Nynke Plantinga fan Wender oer de opfang yn wintertiid.
Nachtopfang © ANP / Evert Elzinga
"Sinds eind november zien we een toestroom van dak- en thuislozen", seit it lokaasjehaad fan Wender. "Toen werd het al een beetje kouder, dan zie je toch dat mensen gaan overleven in de nachtopvang." It binne der net mear as ferline jier: it giet om sa'n 30 oant 38 minsken, tinkt Plantinga.

Opfang yn it hotel

Dochs soargje de coronaregels derfoar dat der minder romte is yn de opfang. Dêrom hat Wender ôfspraken makke mei hotel Het Anker, dêr't minsken nei ta kinne as it yn de opfang te drok wurdt. Plantinga: "Ook in onze woonvoorziening hebben we crisisplekken, waar we eventueel mensen kunnen plaatsen."
"Het is wel een puzzel. Niet iedereen kan samen. Wie kan er bijvoorbeeld zelfstandig naar het hotel? Het is altijd een puzzel en een uitdaging, maar het komt altijd goed."

Aktyf op syk

Om't de temperatueren ûnder nul sjitte, geane se by Wender ek aktyf op syk om dizze minsken oan te trúnjen om dochs nei de nachtopfang te kommen. Wa't net binnen sliepe wol, krijt fan de opfang in sheltersuit: in sliepsek dy't hiel goed beskermet tsjin de kjeld.
We hebben tot nu toe een handjevol besmettingen gehad.
Nynke Plantinga fan Wender oer it tal besmettingen ûnder dak- en thúsleazen
Ta beslút tinkt Plantinga net dat de minsken dy't yn de opfang komme, perfoarst mear kâns ha op besmetting mei it coronafirus. "Ze leven tussen de straat en de opvang, maar ze zien constant dezelfde mensen. We hebben tot nu toe een handjevol besmettingen gehad."
Nynke Plantinga fan Wender oer de nachtopfang yn wintertiid