Steatelid Knol (GL) oer beskuldiging belangeferfrisseling: "Wat is de aanleiding?"

Neffens trije bestjoerskundigen by BNR-radio is der mooglik sprake fan belangeferfrisseling by it Fryske Steatelid Jochem Knol. Knol is it der net mei iens en reagearret 'emosjoneel' op de beskuldiging.
Steatelid Jochem Knol © Partij van de Arbeid Statenfractie Fryslân
Yn in reportaazje fan de lanlike nijsstjoerder BNR roppe de trije bestjoerskundigen op om de regels foar belangeferfrisseling by Steateleden stranger te meitsjen. Se ha ûndersyk dien nei trije steateleden, fan wa't GrienLinks-Steatelid Jochem Knol der ien is.

Syn wurk as projektmanager by Sweco Nederland, in yngenieursburo dat ynset op duorsumens, soe net passe by syn funksje as Steatelid. It bedriuw docht nammentlik regelmjittich saken mei de provinsje en dat makket de rol fan Knol as Steatelid 'problematisch', sizze de bestjoerskundigen.

Emosjoneel

It Steatelid reagearret emosjoneel op de beskuldiging fan belangeferfrisseling. "Het heeft me met name geëmotioneerd omdat er wordt gezegd dat er heel gedegen onderzoek is gedaan", seit Knol. Hy krige moandei in mail dy't him konfrontearre mei it ûndersyk. "Op het moment dat je genoemd wordt, ben je al verdacht."

Ien dei yn de wike

Knol: "Wat is de aanleiding ervoor? Elk statenlid werkt één dag in de week voor de provincie, en heeft daarnaast een nevenfunctie."
Lykwols wurket net elk Steatelid by in bedriuw dat yntinsyf gearwurket mei de provinsje. "Ik ben me er meer dan wie dan ook van bewust dat er een aantal spanningen kunnen zijn, maar dat is ook besproken", seit Knol.

Petear mei kommissaris fan de Kening

Earder hat hy in petear hân mei de kommissaris fan de Kening oer syn wurk foar it yngenieursburo. Dat petear soe "nauwkeurig" ferrûn wêze en der soe gjin sprake wêze fan finansjeel gewin foar him of syn bedriuw, seit Knol.
"Die casus is netjes besproken. Ik denk dat er niets aan de hand is als je volledig transparant bent en dat er absoluut geen sprake mag zijn van financieel gewin voor degene waar het om gaat."