Jelmer Sybe Bergsma (2) fan Akkrum wint NK plassen stampen

De twajierrige Jelmer Sybe Bergsma fan Akkrum hat it NK plassen stampen wûn. Hy wûn yn de kategory foar bern tusken de 0 en 5 jier âld.
De winnende ynstjoering fan Jelmer Sybe Bergsma:
Yn de earste wike fan desimber wie it hiel wiet. Neffens Staatsbosbeheer in ideaal momint om it NK te organisearjen. Yn totaal krigen se 523 ynstjoeringen fan entûsjaste plassestampers.

In sjuery fan seis boskwachters hat de ynstjoeringen beoardiele op "spetterbereik, originaliteit, doorzettingsvermogen, modderigheid/viesheid en enthousiasme".

Jelmer Sybe krijt in eksklusive ekskurzje troch in boskwachter fan Staatsbosbeheer en in prizepakket mei natuerkado's.