Rykswettersteat ûndersiket berikberens It Amelân: wurdt de haven ferpleatst?

Rykswettersteat is úteinset mei it ferfolchûndersyk nei de berikberens fan It Amelân nei 2030. Fan 1 febrewaris ôf komme der digitale gearkomsten foar de eilanners en oare ynteressearren.
Hollum op It Amelân © Shutterstock.com (Ivonne Wierink)
Ut earder ûndersyk fan Rykswettersteat kamen twa 'oplossingsrichtingen' nei foaren. It ferfierssysteem kin optimalisearre wurde, mar der wurdt ek sjoen nei de mooglikheid om de haven op it eilân te ferpleatsen, fan Nes nei Hollum of nei de Ballumerbocht. Op de fêste wâl soe de haven ferpleatst wurde kinne fan Holwert nei Ferwert.

Farferbining ûnder druk

De farferbining nei it Amelân stiet ûnder druk. Troch natuerlike prosessen lykas eb en floed, en wyn en streamingen, komt der hieltyd mear sân en slyk yn de fargeul. Dêrom binne earder al inkele maatregels naam, bygelyks troch te baggerjen en mei it ôfsnijen fan in bocht yn de fargeul.
Rykswettersteat bliuwt de kommende jierren baggerjen om de geul iepen te hâlden, mar fynt it ek needsaaklik om te sjen nei oare oplossingen foar nei 2030.