Plysje siket tsjûgen en kamerabylden fan autofernielingen yn Ljouwert

Yn de Ljouwerter wyk Heechterp binne tusken snein 16.00 oere en moandei 09.00 oere ferskate autobannen lekstutsen. De plysje siket tsjûgen en kamerabylden fan de fernielingen.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
It giet om auto's yn de omjouwing fan de Eikenstraat, Schieringerweg, Essenstraat, Populierenstraat en Kastanjestraat.

De plysje giet der fanút dat der mooglik mear bannen lekstutsen binne as oant no ta by harren bekend is. Minsken dy't dizze fernielings ûntdekke wurdt frege om oanjefte te dwaan.