Liveblog | 21 desimber 2021

Coronanijs 21 desimber: 'Sporte en bewege oanmerke as essinsjele sektor'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 21 desimber 2021, 22:45
tiisdei 21 desimber 2021
22:23

Noflike jûn

Oant safier it liveblog fan tiisdei 21 desimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
22:16

'Sporte en bewege oanmerke as essinsjele sektor'

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat it kabinet útsiket oft sport en bewege oanmurken wurde kin as in essinsjele sektor. It is foar de sûnens wichtich dat minsken bewegen bliuwe, en boppedat spilet sport in wichtige rol yn it wolwêzen fan minsken, de mienskip en ekonomy, fynt it parlemint. In moasje fan CDA-Keamerlid Joba van den Berg hjiroer waard yn mearderheid oannommen.
De Keamer freget it kabinet út te sykjen "ûnder watfoar rânebetingsten sport en bewege mooglik taheakke wurde kinne oan de list fan essinsjele sektoaren". Dat is fan belang om't ek by de strangste lockdowns dy essinsjele sektoaren net sletten waarden. It giet dan ûnder oare om supermerken, tankstasjons en advokatekantoaren.

'Mear tiid nedich'

Rutte sei dat er de moasje begrypt, mar dat der wat mear tiid nedich is om dit goed út te sykjen. "Dat gaat nu niet lukken, voor de kerst." Hy joech ta dat it ûnderskied tusken essinsjeel en net-essinsjeel "nergens op slaat". "Maar goed, we bedoelen ermee: als je er niet heengaat, verhonger je niet. Maar je kunt ook verhongeren door te weinig cultuur te hebben en je kunt verhongeren door te weinig boeken te lezen. Maar dat is dan een andere vorm van verhongeren."
Rutte: mear tiid nedich © ANP
18:46

Rutte ropt op: net nei België of Dútslân ta

Nederlanners soene net oer de grins gean moatte nei België of Dútslân. Dat fynt demisjonêr premier Mark Rutte. Hy seit mei klam dat it advys sa min mooglik kontakt mei oaren is. Dêr heart by dat men net nei de buorlannen giet om bygelyks stêden te besykjen of te shoppen.
As minsken dochs nei België of Dútslân moatte, bygelyks foar wurk, dan moatte se harren neffens Rutte goed tariede en harren hâlde oan de maatregels dy't dêr jilde. Fakânsjegongers riedt er oan om op it fakânsjeadres te bliuwen.
Op de parsekonferinsje fan ôfrûne wykein waarden Rutte en coronaminister Hugo de Jonge frege oft minsken noch op fakânsje meie. De Jonge sei dat dit mocht, salang't se har dêr mar oan de jildende regels hâlde.
De grins mei Dútslân © ANP
17:46

De Jonge oerwaget wachttiid nei boosterprik te skrassen

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Aukje de Vries hat it kabinet frege oft de 15 minuten wachttiid nei de boosterprik ek skrast wurde kin. Op dy wize is der miskien mear tiid om oaren te boosterjen. Hugo de Jonge, minister fan Folkssûnens, wie net fuort entûsjast: "Ik aarzel sterk."
"Bij de GGD biedt dat niet echt een versnelling omdat daar de wachtruimtes groot genoeg zijn", seit De Jonge. "Voor de huisartsen zou het echt wezenlijk sneller gaan als je daar de vijftien minuten af haalt."
De wachttiid is ynfierd om fluch yngripe te kinnen as minsken in allergyske reaksje op de faksinaasje krije.
17:23

Sneltest slacht net oan op jonge besmetting

Ut ûndersyk fan de universiteit fan Leuven docht bliken dat sneltests it coronafirus net sa goed opmerke yn de earste dagen nei de besmettting. Neffens Emmanuel André fan de universiteit kinne sneltests dêrom in falsk gefoel fan feiligens jaan.
16:46

Krystsirkus giet net troch

De krysttiid hat in soad tradysjes. Ien dêrfan is it krystsirkus: mei in soad sfear yn in tinte sjen nei akrobaten en clowns. Mar opnij kin it wintersirkus fan Snitser Sander Balk net trochgean. In grouwe domper. Benammen ek om't se der hielendal klear foar wiene: it sirkus hie sels in nije akkommodaasje yn it teäter fan Snits. Dêrnjonken wiene der yn de foarige lockdown plannen makke foar de takomst. Plannen dy't no opnij besjoen wurde moatte.
Krystsirkus werom nei de opslach, gjin foarstellings:
16:33

Rutte: "Faksinaasjeplicht net út te sluten"

Neffens demisjonêr premier Mark Rutte komt der foarearst gjin ferplichting om in faksinaasje te nimmen tsjin it coronafirus, "maar ik kan het ook niet uitsluiten", seit Rutte.
Trije ministearjes woenen graach in ûndersyk nei in prikplicht. It is noch net dúdlik oft dat ûndersyk der komt.
16:14

Noch mear Friezen mei in ferkearde testútslach

It tal Friezen dat in ferkearde testútlsach krigen hat, leit heger as yn earste ynstânsje meld waard. Yn Fryslân giet it yn totaal om 259 minsken.
16:04

"Mear stipe foar startende ûndernimmers"

It kabinet moat romhertich stipe jaan en mear each hawwe foar startende ûndernimmers en foar skrinenede gefallen dy't krekt oeral bûten falle. Dat sei it Ljouwerter VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries tiisdei by it coronadebat.
It earder oankundige stipepakket is moai, mar net genôch fynt se. Dat de regelingen rommer binne, fynt se in ferbettering, mar it lost net alles op. "Ondernemers zetten hun pensioen in en hebben zelf vaak geen inkomen", seit De Vries.
© Omrop Fryslân
15:27

'Wintersport yn Eastenryk wurdt dreech'

It ministearje fan Folkssûnens fan Eastenryk soe Nederlân oanwize wolle as 'firusfariantgebiet'. Dit betsjut dat reizgers út Nederlân by oankomst tsien dagen yn karantêne moatte. Njonken Nederlân wurde Grut-Brittanje, Noarwegen en Denemarken mooglik ek op dy list set.
De maatregel soe foar eltsenien jilde, ek al hawwe je al in boosterprik. Dit betsjut dat Nederlanners dy't yn Eastenryk wintersporte wolle, it in stik dreger krije.
15:16

480 nije coronabesmettings, lanlik 9.450

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 480 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 121 minder as moandei. Doe waarden 601 besmettingen meld.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 9.450. It is foar it earst sûnt novimber dat it tal besmettings lanlik ûnder de 10.000 leit. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 13.552.
15:02

Wikesifers RIVM: minder besmettings, opnamen en deaden

It RIVM meldt dat der dizze wike minder positive coronatests registrearre binne. Ek it tal sikehûsopnamen en it tal deaden sakke.
It tal positive coronatests lei 19 prosint leger as in wike earder. Yn totaal waarden der yn de ôfrûne wike 94.864 positive testen ôfnaam.
Der waarden 1335 minsken opnommen yn it sikehûs. In wike earder wienen dit noch 1986. Ek it tal deaden sakke: fan 445 nei 322.
© ANP
14:36

Tal sikehûsopnamen nimt ôf

It tal pasjinten dat mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen leit, rint werom. Tiisdei lizze der 2349 minsken mei it coronafirus yn it sikehûs. Moandei wienen dat der noch 62 mear.
Fan harren lizze 595 minsken op de ic's. Dat is ien minder as moandei.
14:17

Allergyske reaksje it faakst nei earste prik

Bywurkingensintrum Lareb hat de measte klachten krigen nei de earste faksinaasje tsjin it coronafirus. Yn totaal krigen 348 minsken in heftige allergyske reaksje. 80 prosint dêrfan wie in reaksje op de earste prik.
Fan de minsken dy't in reaksje krigen nei de earste prik, krige sawat gjinien ek in reaksje nei de twadde prik.
13:50

PVV wol supermerken iepen oant 22.00 oere

De PVV fynt dat supermerken oant 22.00 iepen bliuwe moatte soenen. "Met het oog op kerstinkopen is spreiden van klanten van groot belang", seit Fleur Agema fan de partij. Se is benaud dat klanten oars op itselde momint de supermerk opsykje. Supermerken meie no iepen oant 20.00 oere. Neffens demisjonêr premier Mark Rutte slute allinnich supermerken yn de "deftige grote stad" om 22.00 oere as der gjin coronamaatregels binne.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
13:40

Amtners wolle ûndersyk nei prikplicht

Amtners fan it ministearje fan Finânsjes, Ekonomyske Saken en Klimaat en Sosjale Wissichheid en Wurkgelegenheid wolle dat der ûndersyk komt nei de foar- en neidielen fan in prikplicht, dat meldt de NOS.
Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge hat meardere kearen oanjûn dat der gjin faksinaasjeplicht komt yn Nederlân, wylst dy maatregel yn Dútslân en Eastenryk wol fan krêft is. De ministearjes dy't foar it ûndersyk pleite, fine dat de maatregels fan no grutte ekonomyske, sosjale en mienskiplike skea tabringe.
13:13

Aktiviteiten Sint Piter geane net troch

De organisaasje fan it Sint Piterfeest yn Grou hat alle publyksaktiviteiten rûn it feest ôfsein. "We zien een volle zaal met honderdvijftig mensen in februari niet zitten", seit Peter van den Broek fan de organisaasje tsjin De Grouster. De organisaasje seit dat de oankomst en it útswaaien fan Sint Piter wol trochgean sil.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
12:24

Booster nedich foar reispas

Minsken dy't it Europeeske coronareisbewiis brûke wolle, moatte fan 1 febrewaris 2022 ôf in boosterprik hawwe as harren lêste faksinaasje mear as 270 dagen lyn set is. Oars is it bewiis net mear jildich.
© ANP
12:12

GGD's wolle 200.000 testen de dei dwaan

De GGD's bringe de testkapasiteit de kommende tiid omheech. Ein jannewaris moatte se 200.00 testen de dei ôfnimme kinne. Dit dogge se om't der ferwachte wurdt dat de fraach nei testen tanimme sil yn ferbân mei de omikronfariant fan it coronafirus.
11:21

1,8 miljoen boosterprikken set

It RIVM hat tiisdei bekendmakke dat der yn totaal 1,8 miljoen boosterprikken set binne. Ofrûne wike krigen 780.000 minsken harren boosterprik. Demisjonêr minister Hugo de Jonge wol dat der eltse wike 700.00 prikken set wurde.
11:03

Coronafaksins beskermje fjouwer oant fiif kear minder goed tsjin omikron

De coronafaksins beskermje neffens Jaap van Dissel fan it RIVM nei alle gedachten fjouwer oant fiif kear minder goed tsjin de omikronfariant fan it coronafirus. Neffens him wie 85 prosint fan de minsken mei de omikronfariant folslein faksinearre.
Van Dissel seit dat in boosterprik de beskerming wer wat omheech bringt, mar nei ferrin fan tiid nimt ek dy beskerming wer ôf.
© ANP
10:40

Kabinet wreidet stipe ûndernimmers út

It demisjonêre kabinet wreidet de stiperegelingen foar ûndernimmers út yn ferbân mei de lockdown dy't ôfrûne sneon ôfkundige is. Wurkjouwers kinne oant 90 prosint fan de leankosten weromkrije. Boppedat komme bedriuwen earder yn oanmerking foar de Tegemoetkoming Vaste Lasten (TVL).
10:32

Boosterprik foar 1963 en 1964

10:28

Steuring by de GGD foarby

De steuring by it registraasjesysteem fan de GGD is foarby. It is wer mooglik om te beljen foar it meitsjen fan in prik- of testôfspraak.
10:23

Omikronfariant goed foar 15 prosint fan de coronabesmettings

De omikronfariant fan it coronafirus feroarsaket op dit stuit 10 oant 15 prosint fan de besmettings yn Nederlân. Dat seit Jaap van Dissel fan it RIVM yn de Twadde Keamer. Neffens him is omikron oer in pear wiken dominant yn Nederlân. Dat wol sizze dat mear as de helte fan de coronabesmettings fan de omikronfariant is.
10:12

Húsdokters jouwe boosterprik

De Landelijke Huisartsen Vereniging meldt dat húsdokters bewenners fan soarchbuorkerijen en lytse ferpleechhuzen in boosterprik jaan sille. Earder setten teams fan de GGD's de prikken by sokke lokaasjes sûnder in eigen dokter.
© ANP
09:55

'Lockdown is in 'drama' foar ûndernimmers'

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW docht in oprop om ûndernimmers te stypjen, no't se wer ticht moatte. "We begrijpen dat de maatregelen nodig zijn om de effecten van de oprukkende omikronvariant van het coronavirus te kunnen beperken. Maar het is een groot, vaak persoonlijk, drama voor ondernemers in onder andere de detailhandel, de horeca, de recreatie, de evenementen- en cultuursector, de sportscholen en de contactberoepen in deze drukke laatste dagen van het jaar", seit Sieger Dijkstra fan VNO-NCW.
Neffens de wurkjouwersorganisaasje hawwe ûndernimmers in protte dien om in lockdown foar te kommen, mar dat hie dus gjin súkses. De organisaasje ropt minsken no op om harren krystynkeapen lokaal te dwaan en bygelyks gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid om wat ôf te heljen.
09:43

'Prikspijt' wurd fan it jier

Ek op de ferkiezing fan it wurd fan it jier 2021 hie it coronafirus in soad ynfloed. In protte fan de fyftjin nominearre wurden hienen te krijen mei it firus, lykas 'vaccinatievoordringer', 'boosterprik' en 'QR-samenleving'.
Ek de winner hat in link mei it firus: 'prikspijt' krige 82,2 prosint fan de stimmen en is dêrmei wurd fan it jier. Mei it wurd wurdt bedoeld dat immen spyt hat fan it faksinearjen tsjin in besmetlike sykte.
"Prikspijt is een breed begrip en weerspiegelt goed wat er in de samenleving speelt. Enerzijds heb je het activisme op sociale media van mensen die tegen de coronavaccinaties zijn. Maar prikspijt kan ook worden opgevat als een term die je gebruikt als je korte tijd pijn ervaart na de vaccinatie of omdat de vaccinaties op dit moment toch niet de ultieme uitweg uit de crisis lijken te zijn, zoals gehoopt", seit Ton den Boon fan de Dikke van Dale.
09:30

Steuring by GGD: prikôfspraak meitsje kin allinnich online

De GGD hat op it stuit te krijen mei in steuring. It is dêrtroch net mooglik om te beljen foar it meitsjen fan in test- of prikôfspraak. Boppedat moatte minsken dy't nei in prik- of testlokaasje komme, rekken hâlde mei in langere wachttiid.
De faksinaasjes en testen geane wol gewoan troch. De gegevens sille no mei de hân registrearre wurde. Der wurdt besocht om de steuring sa gau as mooglik op te lossen.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
moandei 20 desimber 2021
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan tiisdei 21 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.