Sanjes Safari klear foar de krystfakânsje, mar it wie om 'e nocht

Sanjes Safari hat der wiken tsjinoan wurke om in tal flamingo's en sulverfoksen op tiid, fóar de krystfakânsje, nei it bistepark yn Feanwâlden te heljen. "En no binne de bisten hjir daalks en dan is der net ien", seit eigener Wimer Visbeek.
Troch de nije lockdown is it park sletten, dus de bisten yn Sanjes Safari moatte it foarearst mei-inoar rêde. Visbeek seach it tiisdei noch posityf yn, it like der op dat it park yn fakânsjetiid noch iepen koe. Mar sneon kaam dochs it boadskip: it park moat troch de coronakrisis foar de fjirde kear de doarren slute.
De meiwurkers hiene alles op alles set om in winterparadys te meitsjen fan it park, mar de krystferljochting bliuwt foarearst út.