Mei de jierwiksel troch hiel De Fryske Marren klokkestuollen let

Nei de jierwiksel moat yn De Fryske Marren in bysûnder lûd te hearren wêze: der wurde oant 00.30 oere sa'n 30 klokkestuollen en tsjerkeklokken mei de hân let. It idee is om in âlde tradysje nij libben yn te blazen.
De klokkestoel fan Ousternijegea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It giet om in inisjatyf fan de Club van Aanjagers van De Tsjûkemar en Stichting BRM De Fryske Marren. De inisjatyfnimmers betochten it idee om't der dit jier op 'e nij gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde mei.
Beide stichtingen binne fan doel om it kloklieden tenei alle jierren op te pakken. Troch it kloklieden moatte de kweageasten ferjage wurde, sa is it idee út de tradysje wei.
De klokkestoel fan Rottum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De klokken dy't har oansletten hawwe, binne dy fan Ychtenbrêge, Eastersee-Buorren, Eastersee, Dolsterhuzen, Sint-Nyk, Op 'e Noed (Tsjerkgaast), Dunegea, Aldouwer, Ousternijegea, Rotstergaast, Bantegea, Follegea-Jistergea, Rûgehuzen, De Broek, Murns, Rottum, De Jouwer, Harich, Westermar (De Jouwer), Ealahuzen, Nijemardum, Aldemardum, Sleat, Wikel, Langwar, De Lemmer, Balk en Sondel.
Doarpen dy't noch meidwaan wolle, kinne har oanmelde by Stichting BRM De Fryske Marren.
Sjoerdtje de Visser fan de Club van Aanjagers van De Tsjûkemar