RIVM: 601 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 601 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien minder as snein. Doe waarden 611 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 596 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 603 besmettingen, in wike lyn op 722.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke en Smellingerlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.220. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 14.045.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.