Untheffing foar snelfarproef op Burgumer Mar ferneatige

De ûntheffing op de natuerbeskermingswet dy't nedich wie foar in proef mei snelfarren op de Burgumer Mar is ferneatige troch de 'meervoudige kamer' fan de rjochtbank yn Grins. It is al de tredde kear dat de rjochter it provinsjale plan tsjinhâldt.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De proef soe eins fan 't simmer al hâlden wurde neidat it yn foargeande jierren ek al net slagge nei rjochterlike útspraken. De ûntheffing wie nedich om skea oan nêsten fan fûgels yn it reid ta te stean.
De rjochtbank hat grutte twivels by de opset fan de proef en it ûndersyk nei de effekten fan it snelfarren. Sa kinne de rjochters gjin rjochtfeardiging fine foar in proef dy't in hiele simmer duorret, wylst de perioade dêr't yntinsyf ûndersyk yn dien wurdt nei de gefolgen foar de natuer, him beheint ta fiif dagen.
Ek hat de provinsje net goed dúdlik makke wêrom't dit ûndersyk op de Burgumer Mar útfierd wurde moat en net op in oar plak of yn in laboratoarium.

Natuer- en lânskipsferiening

Natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, de Marren hat kear op kear gelyk krigen fan de rjochter en hopet dat de provinsje no definityf in streek hellet troch har ynset op snelfarren op de Burgumer Mar. De perioade dêr't de provinsje harsels foar dizze ûntheffing joech, is ek al foarby.