Stookalert foar de noardlike provinsjes: "Houd rekening met elkaar"

It RIVM ropt hjoed op om gjin hout te stoken yn seis provinsjes, wêrûnder Fryslân. Troch de waarsomstannichheden bliuwt de reek hingjen en dat kin liede ta oerlêst en sûnensklachten.
In houtkachel © ANP
Njonken Fryslân jildt de oprop foar Grinslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân en Flevolân. Benammen minsken mei luchtweioandwaningen, hert- en iersykten, âlderein en bern kinne sûnensklachten krije troch de reek.
Neffens it RIVM kinne net allinnich minsken mei in eigen iepen hurd of houtkachel dêr lêst fan hawwe, mar ek persoanen yn de omjouwing. "Mensen zijn nu meer thuis. Houd rekening met elkaar in deze tijd."

Tiisdei mooglik wer

De oprop jildt foar hjoed, mar neffens it RIVM binne ek de waarsferwachtingen foar moarn ûngeunstich. Dêrtroch bestiet de kâns dat der dan opnij sa 'n saneamde stookalert foar in oantal provinsjes komt. It RIVM makket dat moarn om 12.00 oere bekend.
Reek bliuwt foaral hingjen by net folle wyn en as de ûnderste luchtlaach tin is. By sokke omstannichheden jout it RIVM faker in stookalert.