Boek oer Old Burger Weeshuis toant deistich libben yn Ljouwert fan 16de iuw

It boek De Leeuwarder Weeshuisrekeningen 1541-1608 beskriuwt de administraasje fan it Old Burger Weeshuis yn Ljouwert. Dat is yn 1534 oprjochte en is dêrmei ien fan de âldste boargerweeshûzen yn Nederlân. Neffens skriuwer Meindert Schroor is it in hiele wichtige boarne.
© Noordboek
It boek beskriuwt alle ynkomsten en útjeften yn rekkenboeken en jierrekkens fan it weeshûs fan 1541 oant 1680 en jout dêrmei in hiel soad ynformaasje oer allerhanne saken oer it deistich libben yn de 16de iuw. Der binne wol wol âldere boargerweeshuzen yn Nederlân, mar net mei sa'n âlde en folsleine administraasje.

Tindruk

"It wie echt in megaprojekt", fertelt skriuwer Meindert Schroor. It boek telt 1.400 siden, wêrfan 1.250 siden boarnen, der is in register fan 65 siden en in ynlieding fan 80 siden. "It is tindruk en printe by Jongbloed, dy't gewoanwei bibels makket, oars hie it in 'onhandelbaar' ding wurden" ljochtet er ta.
Dus it wie in needsaaklike hobbel dy't ik earst nimme moast om dêrnei de skiednis skriuwe te kinnen.
Meindert Schroor
Ein 2015 waard de geograaf en histoarikus frege om de skiednis te skriuwen fan it Old Burger Weeshuis. "Ik wie goed en wol dwaande en kaam derachter hoe'n geweldige boarne dit eins is. Earder wie der wolris wat úthelle by ûndersyk nei toponimen, mar ik tocht: as ik dit lizze lit, is dat ûnbefredigjend."
"Dit is de wichtichste boarne fan in grut part fan de 16de iuw en it begjin fan de 17de iuw en der wie noch noait wat mei dien. Dus it wie in needsaaklike hobbel dy't ik earst nimme moast om dêrnei de skiednis skriuwe te kinnen."

Rike boarne fan deistich libben

Hy gie werom nei it bestjoer mei de fraach oft er it argyf ûntslute mocht en dat fersyk waard goedkard. Ein 2016 begûn er mei de transkripsje fan de administraasje dy't út in steapel fan 18 boeken bestie, sis in heale meter, fan sa'n trijetûzen siden.
"Ik ha echt wolris trocht: wêr bin ik oan begûn? Mar dit is sa'n rike boarne oer it deistich libben fan Ljouwert en omkriten."
Hy hat der fiif jier mei dwaande west, tusken de oare wurksumheden troch. "Gemiddeld wie ik der twa dagen yn de wike mei dwaande. Ik naam it wurk oeral mei hinne, sels op fakânsje."

Hiele ekonomy deromhinne

Yn it begjin sieten 6 bern yn it weeshûs, letter wienen dat 50. "Der siet in hiele ekonomy omhinne. Sa wie der fee dat se molken en der wie ek fee dat se slachten. Se hienen arbeiders foar har oan it wurk. Oare boarnen, lykas rjochterlike argiven, litte ynsidinten sjen lykas in misdriuw of in ferkeap. Yn dit argyf sjochst wat der oan stof foar klean nedich wie of hoefolle boumateriaal as spikers nedich wie foar de útwreiding fan it weeshûs en wat de prizen wienen."
No't dit boek der leit, kin Meindert Schroor lang om let begjinne oan de skiednis fan it weeshûs. "Dêr bin ik ek noch wol in pear jier dwaande."