Miljeufederaasje wol deputearre fan klimaat as jubileumkado

It wurdt heech tiid foar in Fryske deputearre fan klimaat. Dat fynt de Fryske Miljeufederaasje, dy't takom jier it 50-jierrich jubileum fiert. "Eins is it spitich dat we al sa lang besteansrjocht ha", seit Suzanna Bekkema.
Heech wetter by Burchwert © Minne Schiphof
Der is aksje nedich, fynt de miljeufederaasje. "Der binne enoarme útdagingen. It giet net sa goed mei it klimaat. En dat is net allinnich sa op oare plakken, mar ek yn ús eigen provinsje."
En de oanpak moat oer de hiele wrâld gebeure, fynt Bekkema, mar dat hâldt gjinien tsjin om sels ek wat te dwaan. "As lytse provinsje kinne je miskien net de hiele wrâld op je skouders nimme, mar it begjint by jesels. Alles wat je yn de buert dwaan kinne, set soaden oan 'e dyk. Dat jildt ek foar de provinsje en gemeenten."

Net allinnich symboalysk

Dêrom wurdt it neffens de miljeufederaasje tiid foar in klimaatdeputearre. De oprop is net allinnich symboalysk. "We binne noch net by de provinsjale ferkiezingen, mar hooplik komt it der wol fan."
Eins it it spitich dat we al fyftich jier dwaande wêze moatte op it mêd fan gebiet en miljeu.
Suzanna Bekkema (Fryske Miljeufederaasje)
It soe in moai kado wêze foar it 50-jierrige bestean fan de miljeufederaasje. "De measte organisaasjes besjogge sa'n jubileum as feest, mar eins it it spitich dat we al fyftich jier dwaande wêze moatte op it mêd fan gebiet en miljeu."

Fersnippere

"Mar hooplik komt der mei in deputearre fan klimaat echt aksje", seit Bekkema. "Want yn Fryslân sitte we beslist net stil, mar we sjogge ek dat út it bestjoer wei wat fersnippere op ús ôfkomt, mei alderhande ferskillende programma's. Dêr meitsje we ús grutte soargen oer."
It moat better op elkoar ôfstimd wurde, fynt de miljeufederaasje. "Want it is de fraach oft it no wol genôch is. We sykje in yntegrale klimaatoanpak. Dêr wolle we dizze deputearre dan ek graach foar ynsette."