Skoft gjin treinferkear tusken Akkrum-Ljouwert nei oanriding
Tusken Akkrum en Ljouwert wie moandei oerenlang gjin treinferkear mooglik. Dat kaam troch in oanriding op it spoar by Grou. Om 18.00 oere hinne rieden de treinen wer normaal.

Foar reizgers rieden der yn de tuskentiid stopbussen tusken Ljouwert, Grou en Akkrum.