Undernimmersloket fernimt mismoedigens, mar ek fearkrêft by ûndernimmers

Nederlân sit oant 14 jannewaris wer yn in lockdown. Foar de tredde kear moatte hoareka-ûndernimmers de doarren slute. Undernimmersloket Ynbusiness hâldt de finger oan 'e pols by Fryske ûndernimmers.
Grandcafé Bommel yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Ondernemers zijn terneergeslagen, uit het veld geslagen, en denken wat kan ik nu nog", fernimt Marjan Soepboer fan Ynbusiness yn reaksje op it nijs fan de lockdown. "Vooral voor horecaondernemers is het een herhaling van zetten, sinds het begin van corona maart 2020. De horeca is weer dicht en dat is heftig en ze zijn al zo flexibel geweest, met allerlei maatregels en zoals anderhalve meter en steeds wisselende sluitingstijden."
Yn petearen mei de ûndernimmers fernimt se ek wol fearkrêft. "Uiteindelijk kijken en bedenken ze hoe ze verder kunnen, het zijn ondernemers en die zijn ondernemend. We merken vooral dat een luisterend oor belangrijk is."

Flink Yn Gesprek

Dêrneist biede se ek praktyske help. "We kijken als ondernemersloket naar wat er nog mogelijk is. Sinds kort hebben we 'Flink Yn Gesprek.' Dat is een aanbod voor ondernemers waarbij ze kosteloos twee experts langs krijgen, een op financieel en een op horecagebied, en die bekijken waar nog perspectief zit en welke keuzes ze nog kunnen maken."
Ynbusiness is in inisjatyf fan it bedriuwslibben, de provinsje Fryslân, gemeenten en ûnderwiisynstellingen. Yn it ôfrûne wykein joech Melle Bakker, foaroanman fan de Fryske hoarekasektor, oan grutte soargen te hawwen oer de mentale sûnens fan de ûndernimmers.
Marjan Soepboer