Liveblog | 20 desimber 2021

Coronanijs 20 desimber: 601 besmettingen yn Fryslân | Noed oer winkellju mei lockdown

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 20 desimber 2021, 22:40
moandei 20 desimber 2021
22:20

Oant safier

Oant safier it liveblog fan moandei 20 desimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
21:04

INretail yn noed oer winkellju

Neffens winkelorganisaasje INretail binne der in soad winkellju dy't benaud binne dat troch de lockdown harren ûndernimming yn 'e knipe komt. Sy pleitsje foar mear stipe fan de oerheid.
De organisaasje hat in peiling by de erfterban dien. In tredde fan de respondenten jout oan gjin oplossingen en middels te sjen om de lockdown troch te kommen. Minder as 40 persint soe mar yn oanmerking komme foar kompensaasje, wylst sa'n trijefearns te lijen hat fan minder omset.
Ferkeap fia ynternet smyt by de measten net genôch op. Dêrom hopet INretail dat op syn minst it keapjen op ôfspraak wer talitten wurdt.
19:55

PvdA Smellingerlân pleitet foar fergeze selstesten

Ynwenners mei in smelle beurs soene eltse wike twa fergeze selstesten fan de gemeente krije moatte, fynt de Partij van de Arbeid yn Smellingerlân. De fraksje jout oan dat de kosten flink oprinne as minsken har oan de advizen fan it kabinet hâlde wolle. Dy kosten lizze foar it grutste part by boargers sels. Dêrom pleitet de fraksje fan de PvdA derfoar dat Smellingerlân eltse wike twa selstesten besikber steld foar minsken mei in leech ynkommen.
De fraksje wiist op de soarchplicht fan de gemeente en hat in moasje yntsjinne yn de hoop op stipe út de gemeenteried.
17:54

Gefolgen fan de lockdown foar skoallen en opfang

Fanwegen de omikronfariant binne de skoallen in wike earder ticht. Dat hat ek gefolgen foar de opfang fan bern bûten skoalle om, fertelt Robert Sängers, direkteur-bestjoerder fan Sinne. "Vanaf morgen is er voor kinderen van 4 tot 12 jaar noodopvang, voor ouders met een cruciaal beroep." Foar lytse bern fan fjouwer jier of jonger feroaret der minder, leit Sängers út. Alden kinne harren bern op reguliere tiden nei de opfang bringe.
De measte âlden hawwe wol begryp, mar guon âlden hawwe gjin alternativen en binne teloarsteld, seit Sängers. Alden dy't in berop ha dy't net as krusiaal sjoen wurdt, mar wol gewoan oan it wurk moatte, moatte oare oplossingen sykje. Sängers seit dat it net sa is dat elkenien by de doar oantoane moat dat er in krusiaal berop hat. "Wij doen dat op basis van vertrouwen, dat hebben we in eerdere lockdowns ook gedaan."
Robert Sängers, direkteur-bestjoerder fan Sinne
17:27

Skoallen op 'e nij yn lockdown: "In twee jaar tijd niets opgeschoten"

It ûnderwiis sit troch de nije coronaregels wer yn lockdown, skoallen hawwe fanwegen de omikronfariant in wike earder krystfakânsje krigen. Yn Snits binne skoallen foar it fuortset ûnderwiis it RSG en Bogerman drok oan de gong om alles klear te setten foar de kommende dagen. De iene docht noch oan online lessen, de oare nimt earder fakânsje.
RSG Magister Alvinus yn Snits © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
16:46

De GGD moat de boosterkampanje bot opskale:

"Wy wolle ta nei 180.000 boosters per wike"
16:40

Europeeske Kommisje kart faksin fan Novavax goed

De Europeeske Kommisje hat it faksin fan Novavax goedkart. Dat betsjut dat EU-lannen tenei kar hawwe út fiif faksins. Earder moandei karde it Europeeske Genêsmiddeleburo (EMA) it faksin al goed. It is no oan de EU-lidstaten om te besluten oft se it faksin ynsette wolle en foar hokker groepen.
It faksin is foarearst bedoeld foar de earste en twadde prik by folwoeksenen. It is noch net bedoeld foar bern of as boosterprik.
16:25

GGD's passe harren wurkwize oan om mear prikken sette te kinnen

De ferskate GGD's yn Nederlân passe harren wurkwize oan om mear boosterprikken sette te kinnen. Op guon lokaasjes, lykas yn Utert, wurde tydlik de lytse priklokaasje sletten en yn Ljouwert sil in nije priklokaasje sûnder prikhokjes wurkje.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
Op 27 desimber wurdt in XXL-priklokaasje iepene yn Ljouwert, sûnder hokjes. Dêrtroch kinne neffens de GGD 240 minsken tagelyk in prik krije. Minsken kinne op deselde stuollen sitten bliuwe as foar kertierke wachtsjen nei de prik. Sa moatte eltse dei 4700 prikken set wurde kinne, mear as de helte fan it totale tal prikken dat yn Fryslân op ien dei set wurde kin.
16:03

Flater by coronatesten: goed 270 ferkearde útslaggen yn Fryslân en Drinte

Goed 270 ynwenners fan Fryslân en Drinte hawwe in ferkearde útslach krigen fan in coronatest by de GGD. De flater is makke by in laboratoarium yn Deventer dat de testútslaggen analysearret.
It giet om in minsklike flater. Der krigen 133 minsken te hearren dat sy corona hiene, wylst sy it firus dus net hiene. En der wiene ek 140 minsken dy't te hearren krigen dat sy it firus net hiene, wylst sy dus wol corona hiene.
15:37

CBG: Nij faksin fan Novavax kin net-faksinearre minsken oertsjûgje

It nije faksin fan Novavax, dêr't it Europeesk Genêsmiddeleburo posityf oer is, kin helpe om minsken dy't noch net faksinearre binne te oertsjûgjen. It faksin is makke neffens de âlde technyk, mei aaiwiten. Dat seit Ton de Boer, foarsitter fan it College ter Beoordeling van Geneesmiddelen (CBG). Neffens him is der in groep minsken dy't har wol faksinearje litte wol, mar net mei in mRNA- of vectorfaksin: "Zij hebben moeite met nieuwe techniek. Hoe groot die groep is, weet ik niet."
Deselde aaiwyt-technyk wurdt ek brûkt by faksins tsjin bygelyks hpv en hepatitis B. Guon grypprikken wurde ek sa makke. De Boer: "Het is een techniek die we al langer kennen. Daar kan het voor van belang zijn."
15:15

RIVM: 601 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 601 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien minder as snein. Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.220.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
14:56

EMA posityf oer faksin fan Novavax

Nederlân en oare Europeeske lannen krije wierskynlik in fyfde faksin ta beskikking. It Europeeske Genêsmiddeleburo (EMA) is posityf oer it faksin fan Novavax.
It is oan de Europeeske Kommisje om it faksin ta te stean yn de Europeeske Uny. Dêrnei beslute de lidsteaten sels oft se it middel ynsette wolle en foar hokker groepen.
14:36

Foar it earst wer groei fan it tal coronapasjinten yn lanlike sikehûzen

Yn de Nederlânske sikehûzen lizze op it stuit 2411 coronapasjinten. It binne der 88 mear as snein. It is de earste kear yn in wike dat it tal pasjinten wer tanommen is.
It tal coronapasjinten op de ic's is wol sakke mei 13. Der lizze no 596 pasjinten mei COVID-19 op in ic-bêd.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
13:51

Drokte yn de bosken

It wie snein op de earste dei fan de strange lockdown al fuortendaliks opfallend folle drokker yn de bosken, seit Natuurmonumenten. De natuerbehearder ferwachtet dat dy drokte oanhâldt en ropt rekreanten dêrom driuwend op om respektfol om te gean mei de natuer, dy't yn winterrêst sit. "De natuer kin dy massale tarin no net hawwe", sa seit Natuurmonumenten.
Yn de winter hawwe bisten rêst nedich. Se moatte yn de kâlde perioade sunich omgean mei harren enerzjyfoarried. As de bisten opskrikt wurde troch hordes minsken dy't dwers troch natuergebieten strune en harren hûnen losrinne litte, slaan se op 'e flecht. Guon bisten oerlibje dat net.
Natuurmonumenten wol dat kuierders op de paden bliuwe, rêstgebieten mije en harren hûn oan de line hâlde. "Seker as it snijt mei de krystdagen is dat foar de natuer net noflik. Dan is it dan wol wyt, mar sjocht it swart fan de minsken yn de bosken", sa seit de natuerbehearder.
In boskpaad yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
13:47

Brânsorganisaasje ANKO: Guon kappers knippe nettsjinsteande de coronamaatregels

Dat kappers yn de hurde lockdown de doarren slute moatte, wurket illegale praktiken yn 'e hân. Dêroer krijt brânsorganisaasje ANKO hieltyd mear meldingen. It soe gean om kappers dy't nettsjinsteande de maatregels klanten knippe. Kappers wurde rekkene ta de net-essinsjele saken, mar klanten soene der alles oan dwaan om dochs foar de Krystdagen noch knipt te wurden, leit de organisaasje út.
De brânsorganisaasje fynt dat kappers harren oan de regels hâlde moatte, mar fynt wol dat der sjoen wurde moat nei de kompensaasjeregeling. Boppedat fynt ANKO de sektor "onmisbaar": "We zijn niet essentieel. Maar we schurken er tegenaan".
13:14

Reisburo's komme mei eigen reisadvizen

Reisorganisaasjes yn Nederlân komme fia Reisadvies.nu mei in eigen reisadvys. Neffens de reissektor is mei de reisadvizen fan it ministearje in soad ûndúdlikheid ûntstien. "Het is niet zo dat er iets mankeert aan de reisadviezen van het ministerie, maar ze zijn wel wat ongenuanceerd", seit Erik van der Waard fan reisburo Internoord. Sy wolle der mei eigen advizen wat oan dwaan.
12:58

RIVM en Lareb ûndersykje kertierke wachtsjen nei coronaprik

It RIVM en Lareb, it ynstitút dat bywurkingen byhâldt, ûndersykje oft it mooglik is om it kertierke wachtsjen nei in coronafaksin ferdwine te litten. It OMT hie earder al frege om nei dy mooglikheid te sjen, om't de trochstream by faksinaasjelokaasjes sûnder it ekstra kertier better wêze soe.
It RIVM wit noch net wannear oft it ûndersyk klear is. It beslút leit dêrnei by demisjonêr coronaminsiter Hugo de Jonge.
© Omrop Fryslân
12:46

Ynset fan studinten fan hbû- en mbû-ynstellingen by it boosterjen

De GGD's wreidzje de testkapasiteit de kommende wiken bot út. Ein dit jier wol GGD Fryslân 180.000 prikken de wike sette. Om dat te heljen soene ek studinten fan bygelyks NHL Stenden ynset wurde kinne. "As it twaddejiersstudinten binne, dan kinne se dat. Wy ha hjir de oplieding ferpleechkunde, en alle studinten dy't twaddejiers binne, leare yn dy oplieding dy feardigens om te prikken", seit Reinskje Suierveld, direkteur fan de Akademy Sûnenssoarch.
"Je moatte it fansels regelmjittich dwaan om dy feardigens te ûnderhâlden", leit se út. NHL Stenden hat ynteressearre studinten dêrom in opfriskursus oanbean. Dosinten fan de oplieding ha kursussen jûn om de studinten wer feardich te meitsjen.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
NHL Stenden hat tegearre mei de Friese Poort en Friesland College reagearre op de oprop fan de feilichheidsregio om mei te helpen. De skoallen hawwe dêrop in oprop dien ûnder de studinten.
Hoe'n soad studinten oft dêr krekt op yngongen binne, wit Suierveld net. "It eksakte tal wit ik net. Sa'n fyftich studinten hawwe harren meld by ús dosinten foar sa'n opfriskursus. En dat is noch mar in lyts part. Der binne fansels ek noch studinten dy't it regelmjittich dogge, dy kinne sa troch. En dit binne allinnich noch mar de studinten by ús wei."
Studinten kinne helpe by it boosterjen
11:50

Alden en bedriuwen hawwe lêst fan sluting skoallen

Alden en bedriuwen hawwe lêst fan de eardere sluting fan de skoallen. Dat docht bliken út in omgong fan it fakbûn FNV. De skoallen hawwe earder krystfakânsje krigen fanwegen de nije omikronfariant, mar net foar alle bern is needopfang beskikber. De measte âlden dy't gjin saneamd krusiaal berop hawwe, mar wol oan it wurk binne, moatte sykje nei oare oplossingen.
Guon bedriuwen besykje wurknimmers yn 'e mjitte te kommen mei oplossingen as koarte dagen, ekstra ferlof of it regeljen fan oppas. Dat jildt lykwols net foar alle wurkjouwers, seit FNV.
11:06

Undernimmersloket Ynbusiness fernimt mismoedigens by ûndernimmers, mar ek fearkrêft

"Ondernemers zijn terneergeslagen, uit het veld geslagen, en denken wat kan ik nu nog", fernimt Marjan Soepboer fan Ynbusiness yn reaksje op it nijs fan de lockdown. "Vooral voor horecaondernemers is het een herhaling van zetten, sinds het begin van corona maart 2020. De horeca is weer dicht en dat is heftig en ze zijn al zo flexibel geweest, met allerlei maatregels en zoals anderhalve meter en steeds wisselende sluitingstijden."
Yn petearen mei de ûndernimmers fernimt se ek wol fearkrêft. "Uiteindelijk kijken en bedenken ze hoe ze verder kunnen, het zijn ondernemers en die zijn ondernemend. We merken vooral dat een luisterend oor belangrijk is."
10:52

Bertejier 1962 kin ôfspraak meitsje; earste 50'ers krije boosterprik

De earste 50'ers kinne in ôfspraak meitsje foar in boosterprik. Demisjonêr soarchminister Hugo de Jonge hat oankundige dat bertejier 1962 no oan bar is.
10:38

74 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

Der lizze moandei 74 pasjinten mei COVID-19 yn de Fryske sikehûzen. It tal coronapasjinten op de ic's leit op 21.
Yn de sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte lizze yn totaal 176 coronapasjinten. Fan harren lizze 56 op in ic.
Sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
10:31

Ien op de sân minsken hat lijen mei famylje en freonen oer corona

Ut in ûndersyk fan EenVandaag ûnder goed 30.000 minsken docht bliken dat ien op de sân minsken (15 persint) rûzje mei famylje of freonen hat oer corona. Seis fan 'e tsien (59 persint) hawwe diskusjes oer it ûnderwerp mei famylje en freonen.
Neffens it ûndersyk giet it benammen tusken faksinearren en ûnfaksinearren hurd om hurd. Sân op de tsien faksinearren yn it ûndersyk ha in bytsje of gjin begryp foar minsken dy't har bewust net faksinearje litte.
09:58

Foarsitter KHN: kompensearje hoareka foar oanskafte foarrieden

Hoarekaûndernimmers moatte kompensaasjes krije foar de foarrieden dy't se oanskaft ha, foar't de hurde lockdown ôfkundige waard. Dat fynt foarsitter fan Keninklike Hoareka Nederlân (KHN) Robèr Willemsen. Neffens him kinne dy foarrieden troch de sluting net mear ferkocht wurde, mar de kosten binne al makke.
Neffens KHN binne in soad ûndernimmers noch net bekaam fan eardere lockdowns: "Die kunnen dit er echt niet bij hebben."
08:55

'Boosterkampanje klear foar mids jannewaris'

De GGD Fryslân besiket om de boosterkampanje yn de earste helte fan jannewaris ôf te rûnjen. It faksinaasjetempo wurdt dêrom opfierd: yn de lêste wike fan dit jier en de earste fan 2022 wol de GGD goed 180.000 prikken sette.
08:03

EMA beslút oer nij faksin

Nederlân en de oare lannen yn de Europeeske Uny krije mooglik de beskikking oer in nij coronafaksin.
De tafersjochhâlder, it Europeesk Genêsmiddeleburo (EMA) yn Amsterdam, bûcht him moandei oer it faksin fan Novavax. De beoardielers moatte sjen oft it faksin wurket en feilich is.
As it EMA posityf oer it Novavax-faksin is, giet dat advys nei de Europeeske Kommisje. Dy beslist oer talitting. Dêrnei is it oan elk lân ôfsûnderlik om te besluten oft it faksin brûkt wurdt en foar hokker groepen. Yn Nederlân freget it ministearje fan Folkssûnens yn 'e regel earst advys oan de Gezondheidsraad.
Yn guon lannen wurdt Novavax al brûkt © ANP
06:31

Earste faksins by bern tusken 5 en 11 jier

Jongere bern mei medyske problemen kinne no ek faksinearre wurde tsjin it coronafirus. It giet om bern fan 5 oant en mei 11 jier dy't bygelyks slimme astma, in oanberne hertôfwiking of it downsyndroom hawwe. As sy it coronafirus oprinne, rinne se mooglik mear gefaar as har sûne leeftiidsgenoaten.
Neffens de Gezondheidsraad giet it om ûngefear 40.000 bern yn dizze leeftiidsgroep. Se binne de ôfrûne dagen útnûge troch harren bernedokter en kinne foar de prik terjochte by in faksinaasjelokaasje fan de GGD. Se krije it coronafaksin fan Pfizer en BioNTech, mar dan yn in oanpaste doasis.
Yn de twadde helte fan jannewaris binne de oare bern fan 5 oant en mei 11 jier oan bar om de coronaprik te heljen as sy en harren âlden dat wolle.
06:26

Tsientûzenen euro's ophelle foar Ljouwerter hoarekasaak

By in crowdfundingaksje is mear as 20.000 euro ophelle foar útbaters Baukje Haarsma en Willem Adema fan it Ljouwerter hoarekabedriuw In de Brouwerij. Dit wykein die in emosjonele Haarsma har ferhaal by EenVandaag.
In de Brouwerij is yn april iepen gien en de eigeners kinne gjin oanspraak meitsje op de TVL-stiperegeling fan de oerheid. Dêrfoar moatte je sjen litte wat earder de omset wie, en dat kin In de Brouwerij net omdat se dus noch mar krekt iepen binne.
Sjoch hjir de reportaazje fan EenVandaag werom:
06:20

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan moandei 20 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.