RIVM meldt njoggen stjergefallen en 611 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 611 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 6 minder as sneon. Doe waarden 617 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 603 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 614 besmettingen, in wike lyn op 762.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren njoggen stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (3), Ljouwert (2), en ien út de gemeenten Dantumadiel, De Fryske Marren, Smellingerlân en Hearrenfean.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeente Ljouwert (2) en Hearrenfean (1).

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.331. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 14.278.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.