Bosschaart is lilk: "Het hadden twee penalty's moeten zijn"

Teloarstelling oerhearsket by trainer Pascal Bosschaart fan Cambuur, neidat syn ploech mei 2-1 ferlear fan Hearrenfean.
© ANP
Cambuur spile hast de hiele wedstriid mei in man minder, omdat Doke Schmidt nei 12 minuten mei read fan it fjild stjoerd waard. De Ljouwerters ha lang stân holden, mar yn de slotfaze makke Henk Veerman it winnende doelpunt foar Hearrenfean.
It earste doelpunt, foar Hearrenfean, foel al nei 10 minuten, út in penalty, nei in handsbal fan Calvin Mac-Intosch. Oan de ein fan de wedstriid wie der in soartgelikense sitewaasje yn it strafskopgebiet fan Hearrenfean, doe't Joey Veerman de bal tsjin de hân krige.
Dat hie ek in penalty wêze moatten, seit Bosschaart. "Nu is het na dertien minuten een hele andere wedstrijd geworden dan van tevoren gepland."
Bosschaart wie it meast teloarsteld yn de VAR:
Bosschaart jout syn spilers in grut komplimint foar de tachtich minuten dy't se mei tsien man spile ha. Mar tefreden is er net. "Je kunt nooit tevreden zijn als je verliest, maar de jongens hebben gevochten als leeuwen."

Hurde oertrêding Doke Schmidt

De trainer hat him fernuvere oer de reade kaart fan Doke Schmidt, mar dêr ferwyt er de skiedsrjochter neat. "Ik zou misschien donkergeel gegeven hebben, maar rood kan ook."
Schmidt sels seit dat it in duel wie. "Ik wil op volle snelheid voor de bal gaan, maar ik raak hém. Het was een harde overtreding, maar ik had niet verwacht dat ik rood zou krijgen."
Schmidt hat lang nei sitte te tinken yn de klaaikeamer:
Ienkear yn de klaaikeamer gong der fan alles troch de holle by Schmidt. "Dat je het misschien verkloot hebt voor je teamgenoten, voor je team, voor de club. Deze wedstrijd."
De earste helte hat Schmidt net sjoen. "Ik heb alleen maar in de kleedkamer gezeten. Maar als je dan hoort dat het 1-1 wordt, en je hoort de jongens het goed doen... Dan ben ik wel trots op ze."

Frustrearjend

Doe't Doke Schmidt read krige, kaam Jhondy van der Meer it fjild yn. Hy komt út Ljouwert. "Normaalgesproken stond ik zelf te juichen op de tribune, en dat we dan nu op deze manier verliezen, dat is frustrerend."
"Wij hadden ook een penalty moeten krijgen", fynt Van der Meer:
Cambuur hie mear kwaliteiten as Hearrenfean, seit Van der Meer, mar oan de ein fan de wedstriid wie it net mear te hâlden. "Je staat met tien man op het veld, tegen elf. Het is logisch dat je dan in ondertal komt."
"Eigenlijk speelden we ze weg, met tien man. Dat is toch positief", seit Van der Meer.

Simpel

Roberts Uldrikis wit wol wêrom't Cambuur ferlear, seit er. "It is simpel. Sy skoarden twa kear, en wy ien."
"Benammen hóe't we ferlern ha is frustrearjend":
Hy is net bliid mei de skiedsrjochter. Meardere beslissingen foelen de oare kant út, seit er. "By de reade kaart seach er net iens nei de VAR. En by ús penalty ek net."
"We ha fochten as gekken, sels sûnder supporters, mar oan de ein wie it te min. We ha dien wat we koene, dit wie ús bêst. Mar it wie ús dei net."