HEA! Fjirtich jier yn de krystbeammen

As krystbeammeferkeaper moatte je wol geduld ha, want op in reinige dei ferkeapet it net sa hurd. Mar dat hat Jannes Leij út Gieten wol. Al mear as fjirtich jier stiet hy mei syn krystbeammehannel yn Ljouwert. Gelokkich komme de fêste klanten alle jierren wer werom. En dat makket foar de 77-jierrige Leij it wurk sa moai.
Krystbeammeferkeaper Jannes Leij hat in soad geduld: