Meardere minsken mei plannen foar rellen oanholden foar Fryske derby

De plysje hat yn de dagen foar de Fryske derby fiif minsken oanholden dy't derfan fertocht wurde dat se de iepenbiere oarder fersteure woene. Op snein binne foar de wedstriid nochris tsien minsken oanholden.
Plysje by it Cambuurstadion snein © CAMJO media
De plysje hat tsientallen kilo's swier fjoerwurk fûn yn de wenningen fan de earste fiif fertochten. Dy binne freed en sneon oanholden foar it fjoerwurk, iepenlike geweldpleging en it plannen fan oarderfersteuringen.

180 kilo yllegaal fjoerwurk

Yn in hûs yn de gemeente Waadhoeke is freed 60 kilo swier en yllegaal fjoerwurk fûn. Dêrby binne in man fan 24 jier en in 19-jierrige frou oanholden.
In dei letter is in man fan 36 út Ljouwert oppakt. Yn syn hûs fûn de plysje 120 kilo yllegaal konsumintefjoerwurk.
We hebben met deze aanpak voorkomen dat dit vuurwerk als bom gebruikt kon worden.
In wurdfierder fan de plysje
De minsken dy't oanholden binne, woenen neffens de plysje de oarder fersteure foar de wedstriid Cambuur - Hearrenfean fan snein. "Deze signalen hebben we serieus genomen en daar is de afgelopen dagen flink op geïnvesteerd", seit in wurdfierder fan de plysje. "We hebben met deze aanpak voorkomen dat dit vuurwerk als bom gebruikt kon worden."

Opslein op gefaarlik plak

De wurdfierder seit dat it fjoerwurk op in gefaarlik plak opslein waard, midden yn in wenwyk. "Je had er niet aan moeten denken dat dit vuurwerk op die plek was geëxplodeerd. Het gaat dus niet alleen om de veiligheid van de mensen en collega's op straat, maar ook om omwonenden."
Op sneon binne yn Ljouwert noch twa manlju oanholden, fan 19 en 22 jier fanwegen iepenlike geweldpleging en it mooglik plannen fan it fersteuren fan de oarder by de Fryske derby.

Needferoardering

De plysje hie meardere maatregels naam yn oanrin nei de wedstriid. Boargemaster Buma hie in needferoardering ôfkundige. Op basis dêrfan binne twa minsken previntyf steande holden en fûillearre.
De plysje meldt dat der fakkels, fjoerwurk en oar yllegaal guod yn beslach naam is. Yn totaal binne snein nochris 10 minsken oanholden, ûnder oare foar it besit fan alve kilo yllegaal fjoerwurk.