FIDEO: Tsjerketsjinst út de menistetsjerke yn Ljouwert wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst út mei in oekumenysk karakter. Dizze snein is dat út de menistetsjerke fan Ljouwert, oan de Wurdumerdyk, wei. De tsjinst wurdt fersoarge troch de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden.
Foargonger is ds. Tjitske Hiemstra. Yn de tsjinst wurdt stilstien by de wûnderlike nammejouwing fan Johannes. Truus de Vries begeliedt de tsjinst op de piano en Rob Faltin docht dat op de fioele. Nynke Beekman en Petra Prins sille sjonge.
Klik hjir foar de litury fan de tsjerketsjinst.